Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Dillesyl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa mar
kaartsje
 
(4 tuskenferzjes fan 4 meidoggers net werjûn)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Slachte_Dillesyl.jpg|thumb|Dillesyl]]
De '''Dillesyl''' wie in [[syl]] dêr't de [[Slachte]] de [[Snitser Trekfeart]] krúst. De krusing fan [[dyk]] en wetter is der noch, [[De Dille]], mar sûnt de njoggentiger jierren fan de [[20e ieu]] is dy dyk gjin [[wetterkearing]] mear. Foar dy tiid wie dit ien fan de [[kearslûs|kearslûzen]] yn 'e dyk. Dat wol sizze, dat der balken by leinen dy't allinnich by heechwetter ynskood wurde koenen.
 
De krúsing is ûntstien troch de [[dwersdyk]], de [[Krinzer Earm]], dy't om [[1200]] de dyken ferkoarte trochdat er de weromwûne [[Middelsee]] dêr ôfslet. Nei [[1500]] waard de trekfeart de [[de Swette]] bylâns groeven, en dan fierder as in nije feart fan de Krinzer Earm ôf fierder. De feart giet dan tusken [[Boazum]] en [[Dearsum (Boarnsterhim)|Dearsum]] troch, oant de bocht by [[De Flearen]] ta. Dêr makket de feart in bocht nei it suden en rint dan troch de eardere [[Skerhim]] by [[Skearnegoutum]] del nei [[Snits]], dêr't de feart by de [[Lêste Stoerbrêge|Stoersebrêge]] oanslút op de [[Stedsgrêft (Snits)|stedsgrêft]].
 
Dy krusing makke in [[syl]] nedich, foar at it spûkje soe. Dy lokaasje wiewaard ferneamd, mei dat der [[iisherberch|iisherbergen]] by de oergang stienekamen. It wie ûnder mear it plak dêr't de hynders fan de [[trekskip|trekskippen]] wiksele waarden. De brêge, dy't der hieltiid noch leit, hjit de [[Dillebrêge]]. De namme "Dille", soe oantsjutte dat it eartiids net in folsleine brêge wie, mar net folle mear as in [[barte]]. Lykwols soe it ek kinne dat de "[[dealje]]" slacht op it houtwurk dat nedich wie foar de kearslûs.
 
Hjoed-de-dei is de "Krinzer Earm" net mear as in dyk tusken [[Easterwierrum]] en [[Raerd]]. As de [[Slachtemaraton]] holden wurdt, is dit it punt dêr't de minsken sjogge dat de ein helber wêze moat.
{{Slachtedyk}}
 
[[Kategory:Slûs yn Fryslân]]
[[Kategory:Bouwurk yn Wymbritseradiel]]