Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Johan Cruijff ArenA

(Trochferwiisd fan Amsterdam Arena)

De Johan Cruijff ArenA, oant 2018 Amsterdam ArenA, is in multifunksjoneel stadion yn Amsterdam en it earste stadion in Europa dat in skodak hie. It stadion waard 14 augustus 1996 iepene as thúshaven fan fuotbalklup AFC Ajax. Ek de american footballers fan Amsterdam Admirals spilen dêr harren thúswedstriden.[1]

Johan Cruijff ArenA
  stadion
Johan Cruijff ArenA
Johan Cruijff ArenA
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
algemiene ynformaasje
sporten Fuotbal
teams AFC Ajax
kapasiteit 55.865 (fuotbal)
71.000 (konserten)
type oerflak Gers,
105 x 68 meter
eigner Gemeente Amsterdam en
Stadion Amsterdam N.V.
bou
boubegjin 1993
iepening 14 augustus 1996
boukosten € 140.000.000,-
arsjitekt Rob Schuurman,
Sjoerd Soeters (PPHP)
kaart
Johan Cruijff ArenA (Amsterdam)
Johan Cruijff ArenA
Lokaasje fan de Johan Cruijff ArenA yn Amsterdam
Johan Cruijff ArenA dakkonstruksje

De fuotbalklup spilet dêr har thúswedstriden en der wurde konserten jûn. Sa'n 80.000 minsken yn it jier komme foar in rûnlieding. Doe't it stadion klear wie die bliken dat der te min deiljocht yn foel om it gers groeie te litten. Yn it earstoan waard de gersmatte om de pear moanne ferfongen, letter waarden ek spesjale lampen brûkt dy't it gers better groeie litte. It Gearkomst- en Kongressintrum is de lokaaasje foar feesten en presintaasjes.

De Johan Cruijff ArenA waard iepene yn augustus 1996, en betsjutte de oanset ta ûntwikkeling fan it Sintrumgebiet Amsterdam-Súdeast. Sûnt 2008 is it nije trein-, metro- en busstasjon Amsterdam Bijlmer ArenA klear. Dat stasjon ferbynt it ArenA-gebiet mei de fernijde Bijlmermeer en winkelsintrum De Amsterdamse Poort.

It stadion hat 54.990 stuollen en der binne 54 skyboxen, 8 skylounges en 12 skyrooms mei yn totaal 820 stuollen? Om it stadion binne 18.000 parkearplakken. Fierders binne der 115 kamera's en is der in eigen tv-sirkwy mei 300 tv's. De grutte fideoskermen hingje mei in byldoerflak per skerm van 65 m². It útskobere dak kin yn 25 minuten tichtskood wurde mei twa beweechbere panielen fan 37 x 190 meter. It stadion hat in grûnoerflak fan 35.000 m², wat gelyk stiet oan 4 fuotbalfjilden. De Johan Cruijff ArenA hat 15 roltreppen dy't besikers fluch nei de twadde ring bringe kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. worldofstadiums.com