Arriva
Arriva plc is in Britsk multynasjonaal ferfiersbedriuw mei syn haadkantoar yn it Ingelske Sunderland en is sûnt 2010 yn eigendom fan Deutsche Bahn AG. It bedriuw waard yn 1938 oprjochte as T Cowie Ltd., mar waard yn 1997 omneamd ta Arriva nei in rige fúzjes en oernimmings. It bedriuw waard yn 2010 troch deutsche Bahn oernommen en is sûnt dy tiid in dochterûndernimming dêrfan. Arriva is de útfierder fan trein-, bus-, tram-, toerbus- en wetterbustsjinsten yn 14 Jeropeeske lannen. It bedriuw is ûnderferparte yn trije difyzjes: Arriva UK Bus, Arriva UK Trains en Fêstelân Jeropa (Mainland Europe). It bedriuw hie yn septimber 2018 in totaal fan 61.845 minsken yn tsjinst en betsjinne 2,4 miljard passazjiers jiers. Yn 2019 makke Deutsche Bahn buorkundich en dat se Arriva ferkeapje woene, dochs yn novimber dat jier waard de ferkeap foarearst útsteld.
Arriva plc | ||
algemien | ||
hist. namme | T Cowie Ltd. | |
nasjonaliteit | Britsk | |
type | Dochterûndernimming | |
sektor | Ferfier | |
haadkertier | Sunderland (Ingelân) | |
oprjochte | 1938 | |
eigner | Deutsche Bahn AG | |
mem | Deutsche Bahn AG | |
dochters | Arriva UK Bus Arriva UK Trains Fêstelân Jeropa | |
sifers | ||
omset | €5,35 miljard (desimber 2017) | |
winst | 569 miljoen (desimber 2017) | |
aktyf yn | Jeropa | |
wurknimmers | 61.845 (septimber 2018) | |
offisjele webside | ||
www.arriva.co.uk |
- Dizze side giet oer Britske memme-ûndernimming. Foar de Nederlânske dochterûndernimming, sjoch: Arriva Persoaneferfier Nederlân.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1938 sette T.S.K. Cowie mei in reparaasjebedriuw foar twaddehâns motorfytsen útein as T. Cowie Limited yn Sunderland yn it noardeasten fan Ingelân. Yn 1948 waard it bedriuw oernommen troch syn soan Tom Cowie en dy bleau earst ek motorfytsen ferkeapjen. Yn 1964 waard it bedriuw T Cowie plc, dêr't de letters plc foar public limited company steane, de Britske en Ierske fariant fan de Namleaze Fennoatskip. Yn 1965 naam it bedriuw de earste fan in rige autoferkeapbedriuwen oer. Yn 1980 begûn T. Cowie mei syn earste bustsjinsten. Yn 1984 kocht it bedriuw de Hangar Group, mei Interleasing, in grut autoferhierbedriuw, ynbegrepen. Letter waarden mear ferhierbedriuwen oernommen. Yn 1994 gie Tom Cowie mei pensioen en waard it bedriuw omneamd taCowie Group plc.
Yn it ramt fan de privatisaasje fan de Londenske bustsjinsten, naam Cowie Group yn 1994 en 1995 twa busferfierbedriuwen yn de stêd oer.Yn 1996 naam it bedriuw noch ferskate busferfierbedriuwen yn it Feriene Keninkryk oer. Dat late ta dat de Cowie Group yn oktober 1996 op de oandielebeurs kaam te stean.
Yn novimber 1997 waard it bedriuw omneamd ta Arriva plc en yn datselde jier kocht it bedriuw Unibus yn Denemark oan. Dat wie it earste oernimmen bûten it Feriene Keninkryk.
Yn juny 1999 ferkocht Arriva syn autoferhierbedriuwen oan General Motors. Yn febrewaris 2000 waard MTL Holdings, dêr't guon spoarferfierbedriuwen by oansletten wiene. Dêrmei sette it bedriuw in foet yn de doar yn de earste treintsjinsten. Yn 2002/2003 ferkocht er syn autoferkeapbedriuwen oan Nortgate plc.
Yn april 2010 waard bekend dat Deutsche Bahn it bedriuw oernomme soe foar € 2,7 miljard mei alle skulden ynbegrepen. De oernimming waard yn augustus dat jiers troch de Jeropeeske Kommisje goedkard, op betingst dat Arriva syn tsjinsten yn Dútslân ôfstjitte soe. Op 27 augustus waard dy oernimming wiermakke en Arriva waard op 31 augustus fan de Londenske oandielebeurs skrast. Yn maaie 2013 kocht Arriva Veolia Ferfier syn Sintraaljeropeeske ûndernimming mei 3.400 reauwen oan.
Yn jannewaris 2018 waard it byldmerk fan Arriva feroare.
Yn maart 2019 makke Deutsche Bahn buorkundich dat er Arriva ferkeapje woe, dochs waard yn novimber dat jiers besletten it foarearst út te stellen.
Hjoeddeistige tsjinsten
bewurkje seksjeArriva fersoarget bus-, trein-, wetterbus-, toerbus- en tramtsjinsten yn 14 lannen yn Jeropa. Dy binne Denemark, Feriene Keninkryk, Hongarije, Itaalje, Kroaasje, Nederlân, Poalen, Portegal, Servje, Sloveenje, Slowakije, Spanje, Sweden en Tsjechje.
Arriva fersoarge tsjinsten oant 2010 yn Dútslân en oant 2014 yn Malta.
Nederlân
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Arriva Persoaneferfier Nederlân.
Bus
bewurkje seksjeYn jannewaris 1998 kocht Arriva de Nederlânske takke fan Vancom oan en yn desimber 1998 VEONN en Hanze Groep.
Yn juny 1999 sleat Arriva in gearwurkingsferbân, NoardNed, mei de Nederlânske Spoarwegen oer it fersoargjen fan bustsjinsten yn Fryslân, dêr't er yn 2003 foar 100% eigener fan waard mei de namme Arriva Iepenbier Ferfier.
Yn 2003 krige Arriva ek in part fan de bustsjinsten yn Grinslân en Drinte yn hannen. Yn 2005 bemachtige er de konsesjes fan Drinte en Wetterlân en letter yn it suden fan Súd-Hollân en it easten fan Noard-Brabân. Yn 2009 ferlear Arriva de kontrakten yn Grinslân en Drinte nei in nij oanbod, mar yn 2010 bemachtige er it kontrakt yn 'e Achterhoeke en hold er it kontrakt yn it Rivierelân. Sûnt desimber 2012 krige Arriva it kontrakt foar de konsesjes yn it noarden fan Súd-Hollân, mei de stedstsjinsten fan Gouda, Leien en Alfen oan de Ryn. Ek krige er it kontrakt fan de stedstsjinst fan Ljouwert.
Trein
bewurkje seksjeYn 1999 gie Arriva in gearwurkingsferbân, NoardNed, mei de Nederlânske Spoarwegen oan, dêr't yn 2003 er 100% de eigener fan waard. De namme Noardnet ferfoel twa jier letter. Yn 2005 bemachtige Arriva in 15-jierrich kontrakt foar treintsjinsten fan Grins nei Ljouwert, Delfsyl, Roodeschool en Nijeskâns. Ek bemachtige er it kontrakt fan Ljouwert nei Harns Haven en Starum. Letter yn dat jier bemachtige er it kontrakt foar treintsjinsten fan Doardt nei Gorkum en Geldermalsen. Yn 2012 begûn Arriva mei treintsjinsten yn 'e Achterhoeke en tusken Swol en Emmen. Mei al dy tsjinsten waard de Spurt ynset.
Dútslân
bewurkje seksjeArriva Deutschland GmbH wie tusken april 2004 en 2011 warber op it mêd fan trein- en busferfier yn Dútslân. Nei it oernimmen fan Arriva troch Deutsche Bahn AG yn 2010, waard it merkoandiel yn Dútslân neffens de Jeropeeske Kommisje te grut. Dêrom moast Deutsche Bahn de tsjinsten fan Arriva yn Dútslân ôfstjitte. Op 16 febrewaris 2011 makke Deutsche Bahn buorkundich dat Arriva Dútslân oan in konsortium fan de Italjaanske steatsspoarwegen Ferrovie dello Stato en it Lúksemboarchske Ynfrastruktuerfûns Cube Infrastructure ferkeapje soe. Yn maart 2011 waard Arriva Dútslân loskeppele fan Arriva en fuortset as Netinera.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is foar in part as alhiel oernommen fan de Ingelsktalige side, sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op dizze side. Commons: Arriva group companies – foto, fideo en harktriemmen
|