Autokrasy
Autokrasy, fan it Aldgrykske αὐτός, autos ("sels", "eigen-") en κράτος, kratos ("macht", "krêft"), is in regearingsfoarm wêrby't troch ien persoan ûnbeheinde macht útoefene wurdt oer in lân. Dy macht is dus net bûn oan wetten of regelmeganismen foar kontrôle troch de befolking (útsein wat de ymplisite driging fan in steatsgreep of rebûlje oangiet). De persoan dy't yn sa'n regearingsfoarm alle macht hat, is in autokraat. Yn it ferline gie it dêrby faak om in monarch, lykas in keizer of kening, mar tsjintwurdich giet it faker om in presidint. As it tsjinstelde fan autokrasy wurdt faak demokrasy beskôge, wêryn't de macht direkt of (faker) yndirekt by de befolking leit.
In goed foarbyld fan in autokrasy is it Keizerryk Ruslân, dêr't de tsaar oant 1917 absolute macht oer alle aspekten fan it libben fan syn ûnderdienen hie. Ien fan 'e aadlike titels fan 'e tsaar wie "tsaar en autokraat fan alle Ruslannen". In oar foarbyld is nazy-Dútslân, dêr't Adolf Hitler tusken 1933 en 1945 folsleine macht hie ûnder syn selsbetochte titel fan Führer.
'Autokrasy' is fierhinne synonym oan 'diktatuer' en 'autokraat' oan 'diktator', útsein dat 'diktatuer' en 'diktator' modernere termen binne en negativere konnotaasjes hawwe. In aristokrasy (yn 'e sin fan in regearingsfoarm dêr't de adel oan 'e macht is) en in oligargy (dêr't de riken oan 'e macht binne) lykje ek op in autokrasy, mar yn dy regearingsfoarmen wurdt de ûnbeheinde macht útoefene troch mear as ien persoan, hoewol al in beheinde groep.
Yn 'e measte autokrasyen is der sprake fan 'e systematyske ûnderdrukking fan tsjinstanners fan 'e autokraat en fan oarstinkenden (dissidinten), bgl. troch harren finzen te setten of sels troch harren te fermoardzjen. Sa'n steatsfoarm giet ornaris net inkeld mank mei politike ûnderdrukking, mar ek mei maatskiplike mistannen en korrupsje, lykas selsferriking fan 'e autokraat troch jild út 'e steatskas te stellen. (Hoewol't in autokraat dat sa net sjen sil, om't er de steatskas as syn persoanlike fermogen beskôget.) Mei't der yn in autokrasy gjin inkele kontrôle op 'e machthawwer bestean kin, is machtsmisbrûk suver ûnûntkomber.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |