Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Bosnyske Moslims

(Trochferwiisd fan Bosniakken)

De Bosnyske Moslims, dy't tsjintwurdich ek wol Bosnjakken neamd wurde, binne in Súdslavysk folk dat foar it meastepart yn Bosnje libbet, yn it Sandzjak-gebiet op de grins fan Servje en Montenegro en sa fierder yn Kosovo.

Yn de griene gebieten hawwe de Bosnyske Moslims de mearderheid.

De Bosnyske Moslims binne in lânseigen folk dat ûnder de Ottomaanske oerhearsking bekeard is ta de Islam. Sûnt dy tiid is it folk beynfloede troch East en West. Dat hat late ta in unike kultuer, mar ek ta ferfolgings. It gefolch hat west dat fan de krekt wat mear as 2,6 miljoen Bosnyske Moslims likernôch 0,5 miljoen útreizge binne. Op de Balkan steane sy bekend as autochtoane moslims, alhoewol't net alle Bosnyske Moslims ek wier it islamitysk leauwe oanhingje.

Bosnyske Moslims of Bosnjakken binne net itselde as Bosnjers, al is der tusken dy beide begripen in grutte oerlaping.

De befolkingskloft wurdt foar it earst neamd yn in tal midsiuwske dokuminten ûnder de beneaming "Bošnjani". Hja binne fan oarsprong in Slavysk folk dat har fermongen hat mei de eardere bewenners fan it gebiet, de Illyrjers dy't wer in mingd folk wie fan de folken dy't har dêr festige hienen (Kelten, Griken en Romeinen).

Under de Ottomaanske oerhearsking fan de Balkan, benammen yn de 16e en 17e iuw, giene de measte Bosnyske Moslims oer op it islamityske leauwen. Dat barde meastentiids út ekonomyske motiven mar ek trochdat jonge jongens yn it Ottomaanske leger ynlive waarden, ûnder oaren by de Janitsaren, en dêr twongen waarden har ta de islam te bekearjen. Nei it ynstoarten fan it Ottomaanske Ryk waarden de Bosnyske Moslims in protte ûnderdrukt trochdat sy as kollaborateurs fan de Osmaanske Turken sjoen waarden.

Bosnyske Moslims binne meastentiids Slavyske moslims en folgje meast de Soennityske foarm fan de islam. De Bosnyske Moslims wurde dêrom ek wol "Bosnyske Moslims" neamd, mar feitlik sjoen is dat fout trochdat de Bosnyske Moslims net allinnich yn Bosnje wenne, mar bygelyks ek yn Kroaasje, Servje, Masedoanje, Montenegro en Sloveenje en net alle Bosnyske Moslims binne moslim. Fierders wenje op de Balkan ek guons dy't wol moslims mar gjin Bosnyske Moslims binne.