Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Derry, offisjeel Londonderry, is de twadde stêd fan Noard-Ierlân en de fjirde op it eilân Ierlân. De namme Derry komt fan de Ierske namme foar de stêd: Doire, wat 'ikebosk' betsjut. Yn 1613 krieg de stêd keninklike privileezjes fan Kening James I en feroare de namme yn Londonderry. Tsjintwurdich wurdt de stêd meastentiids Derry neamd, mar ek Londonderry komt noch foar.

Derry / Londonderry
Bestjoer
Lân flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Feriene Keninkryk
Distrikt Derry City
County County Londonderry
Sifers
Ynwennertal 85.016↑ (2008)
Oerflak 25
Stêdekloft 237.000
Oar
Postkoade BT47 BT48
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC+1
Offisjele webside
www.derrycity.gov.uk
St. Columb’s Cathedral

It âlde part fan de stêd mei stedsmuorren leit op de westlike wâlkant fan de rivier Foyle. Tsjinwurdich is de stêd ek útwreide nei de eastlike wâlkant. Yn 2001 hie de stêd 83.652 ynwenners. It distrikt Derry wurdt, ynklusyf de haven en it fleanfjild, bestjoerd troch de Derry City Council. De Greater Derry area, it gebiet mei in straal fan 30 kilometer om de stêd hinne, hat likernôch 237.000 ynwenners.

Derry leit tichtby de grins mei de Ierske Republyk en troch de iuwen hinne wie der altiten in soad kontakt mei de minsken yn County Donegal.

Op 30 jannewaris 1970 kaam de stêd yn 't nijs troch Bloody Sunday, doe Britske militêren 14 freedsume demonstranten deasketten.

Berne yn Derry

bewurkje seksje

Stoarn yn Derry

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eurofyzjesongfestival yn 1970

Keppelings om utens