Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Diëgesis (fan it Grykske διήγησις, diégesis, fan διηγεῖσθαι, diegeistai, "fertelle") is in styl fan it fertellen fan fiktive ferhalen wêrby't de fiktive wrâld fan binnenút beskreaun wurdt. Details oer dy wrâld en de ûnderfinings fan 'e personaazjes dy't yn dy wrâld libje, wurde ekplisyt ûntbleate troch it ferhaal sels (en net troch kommentaar fan bûtenút). Diëgesis hâldt fierders yn dat it ferhaal ferteld wurdt ynstee fan útbylde of aktearre, en teffens giet it derfan út dat sawol de sprekker/skriuwer as it publyk op in distânsje fan it ferhaal stiet. Diëgetyske eleminten fan in ferhaal meitsje diel út fan 'e fiktive wrâld fan dat ferhaal, wylst net-diëgetyske eleminten fan it ferhaal te krijen hawwe mei de narratology, de wize dêr't it ferhaal op ferteld wurdt. In oar tsjinstelde fan diëgesis is mimesis ("it neibearen"), wêrby't in ferhaal net ferteld, mar útbylde wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.