Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Domesday Book, eigentlike namme Descriptio totius Angliae (‘Beskriuwing fan hiel Ingelân’) is de namme fan in wiidweidich Latynsktalich dokumint dat gearstald waard fanwege Willem de Oermasterer, dy’t nei syn ferovering fan Ingelân yn 1066 in folslein oersjoch hawwe woe fan alle besittingen yn it lân en harren eigeners. It doel wie om ynsjocht te krijen yn de rykdommen fan it lân en op grûn dêrfan belêsting heffe te kinnen. De earste ferzje wie augustus 1086 klear. It boek waard yn it Latyn skreaun, mei termen yn de lânseigen taal dy’t gjin latynske ekwifalint hienen.

'Domesday Book', gravuere troch Andrew Williams, út Historic Byways and Highways of Old England, 1900.
In side út it Domesday Book foar Warwickshire

Keninklike kommissarissen (legati), reizgen it lân troch om alle saken sekuer te beskriuwen. It úteinlik oersjoch wie wet en beskiedend by skeel, heger berop wie net mooglik. It boek soe jilde oant de Oardielsdei. Sa komt it boek oan syn (by)namme, Domesday Book, ‘Boek fan it Lêste Oardiel’. Fanwege de kening waard in list makke mei dêryn in skatting fan de wearde fan it lân, earst sa't it der ûnder kening Eduard de Belider hinne lei, dêrnei op it stuit dat it besit yn oare hannen oergong en as lêste op it tiidstip fan it ûndersyk. Ut de Angelsaksyske Kronyk blykt dat it ûndersyk opset waard yn 1085 en út it kolofon fan it Domesday Book sels docht bliken dat it wurk yn 1086 dien wie.

Feitlik bestiet it Domesday Book út twa dielen, Little Domesday foar Esseks, Suffolk en Norfolk, en Great Domesday foar de oare greefskippen (countys) en stikjes fan Wales. Nettsjinsteande de namme is it ‘lytse’ boek tsjûker en detailearder as it ‘grutte’ boek. De beskriuwingen yn beide dielen omfiemje lykwols net it hiele oermastere gebiet. Londen, Winchester en guon oare stêden binne net opnaam yn it boek, wierskynlik út reden fan har grutte en de kompleksiteit fan de besitsferhâldingen dêr. It meastepart fan Cumberland en Westmorland misse omdat de earst koart nei it ûndersyk ferovere waarden, en it greefskip Durham ûntbrekt omdat de Biskop fan Durham dêr it allinnerjocht op de belêstingheffing hie; dielen fan noardeast Ingelân binne beskreaun yn 1183 yn it Boldon Book, kontreien dêr’t de biskop ek it foech op belêstinginning hie. It ûntbrekken fan oare countys is gjin ferklearring fûn.

It Domesday Book waard yn it earstoan bewarre yn Winchester, destiids de haadstêd, de sit fan de Normandyske keningen. Dêrom waard it boek ek wol oantsjut as it Boek fan Winchester. Doe’t Londen haadstêd waard, is it boek dêrhinne ferhuze. It Domesday Book is tsjintwurdich yn it Public Record Office yn Londen, no de National Archives neamd.

It belang fan it Domesday Book foar histoarysk ûndersyk kin suver net heech genôch oanslein wurde.

Keppelings om utens

bewurkje seksje