Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Emylje-Romanje (Italjaansk: Emilia-Romagna; Emyljaansk: Emélia-Rumâgna; Romanjoalsk: Emélia-Rumâgna) is in regio yn it noarden fan Itaalje, offisjeel oprjochte yn 1970. De regio wurdt yn it easten begrinze troch de Adriatyske See, yn it noarden troch de rivier de Po en yn it suden troch de Apeninen. De regio grinzet fierders oan de regio's Piëmont, Liguerje, Toskane, De Marken, Lombardije, Feneto en de selsstannige republyk fan San Marino. Sawat de helte fan it grûngebiet heart ta de Poflakte, dêrmei is de regio ien fan de flakste yn Itaalje. Haadstêd is Bologna, de grutste stêd en iennige metropolitane stêd fan 'e regio.

Emylje-Romanje
Emilia-Romagna
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Bologna
Oerflakte 22.123 km²
Befolking 4.464.111 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 181 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Cimone: 2.165 m
Oantal gemeenten 341
Provinsjes Bologna, Ferrara, Forlì-Cesena, Modena, Parma, Piacenza, Ravenna, Reggio Emilia, Rimini

Emylje-Romanje ûnstie troch gearfoeging fan 'e histoaryske regio's Emylje (it westlike diel fan 'e regio) en Romanje (it eastlike diel).

Op 20 en 29 maaie 2012 waard de regio troch twa ierdskoddings troffen. Dêrby waarden in soad histoaryske bouwurken skeind. Sechtjin minsken ferlearen harren libben en 14.000 rekken harren hûs kwyt. De ekonomyske skea wie grut mei't de rispinge foar in grut part ferlern gie. Op 17 maaie waard de regio troffen troch oerstreamings. Mear as 15.000 minsken moasten út harren hûs en 14 minsken ferlearen it libben.

Emylje-Romanje is yn ien metropolitane stêd en acht provinsjes ferdield en hat meiïnoar 4.450.798 ynwenners (sifers ISTAT, 2024). De lêste provinsje dy't oprjochte waard is Rimini, earder in ûnderdiel fan Forlì (letter Forlì-Cesena ), wylst sûnt jannewaris 2015 de metropolitane stêd Bologna de eardere provinsje Bologna ferfangt. De measte stêden lizze en it grutste part fan 'e befolking wennet op 'e flakke dielen fan 'e regio.

kaart wapen provinsje ôfk. ynwennertal haadstêd oantal
gemeenten
    Bologna BO 1.015.108 Bologna 55
  Ferrara FE 345.691 Ferrara 21
  Forlì-Cesena FC 394.627 Forlì-Cesena 30
  Modena MO 705.422 Modena 47
  Parma PR 452.022 Parma 44
  Piacenza PC 287.780 Piacenza 46
  Ravenna RA 389.235 Ravenna 18
  Reggio Emilia RE Reggio Emilia 531.891 42
  Rimini RN 339.437 Rimini 27

Emylje-Romanje is nei Kampaanje de twadde regio mei de grutste stêden wat ynwennertal oanbelanget. Njoggen gemeenten ha mear as 100.000 ynwenners.

Posysje Posysje

yn Itaalje

Gemeente Ynwennertal
Oerflak
(km²)
Befolkingstichtens
(km²)
Hichte
(m boppe seenivo)
Provinsje
Bologna 394503 140,86 2.800.67 54 BO
19º Parma 200.455 260,77 747,70 57 PR
20º Modena 184.973 183,23 1.014 34 MO
22º Reggio Emilia 171.192 231,56 746,39 58 RE
25º Ravenna 15.173 652,89 245 4 RA
28º Rimini 147.747 134,52 1.042 5 RN
30º Ferrara 133.398 404,36 333 9 FE
37º Forlì 118.208 228,19 509 34 FC
44º Piacenza 102.173 118,46 859 61 PC
10º 49º Cesena 96.716 249,47 383 44 FC
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emilia-Romagna fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje  
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
  ·   ·