Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Evelyn De Morgan, berne as Mary Evelyn Pickering (Londen, 30 augustus 1855 – dêre, 2 maaie 1919) wie in Ingelsk skilderesse waans wurk beynfloede waard troch de beweging fan de Prerafaeliten.

Evelyn De Morgan
keunstner
Evelyn De Morgan (foar 1919)
Evelyn De Morgan (foar 1919)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 30 augustus 1855
berteplak Londen
stoarn 2 maaie 1919 (63 jier)
stjerplak Londen
wurkpaad
wurksum as skilder
bekendste
  wurk(en)
The Love Potion, Aurora Triumphans, Helen of Troy
offisjele webside
www.demorgan.org.uk

De Morgan wie de dochter fan de jurist Percival Andree Pickering en Anna Maria Wilhelmina Spencer-Stanhope, in suster fan de skilder John Rodham Spencer Stanhope. De húshâlding wie begoedige en se waard goed opbrocht oan hûs.

Doe't se fyftjin wie krige se tekenles en mei 17 jier sette se út ein mei in stúdzje oan in keunstakademy (Slade School of Fine Art) yn Londen, dêr't se in tal prizen foar har wurk bemachtige. Har earste tentoanstelling wie yn 1876 yn de Dudley Gallery, folge troch in útstalling yn de Grosvenor Gallery.

 
Evelyn en William De Morgan

Har omke John Rodham Spencer-Stanhope, dy't in soad ynfloed op har wurk hân hat, kocht in filla yn Florâns, wat har fan 1875 ôf oan de gelegenheid joech gereldwei nei Italië te reizgjen en dêr de keunst te bestudearjen yn Rome, Perugia, Assisy en Florâns.

Yn 1887 troude sy mei de keramist William De Morgan, in freon en meiwurker fan William Morris. It pear ferdjippe him ûnder mear yn in spiritisme, Se wiene foarfjochters fan sosjale herfoarmings lykas it frouljuskiesrjocht en hiene ynteresse yn morele kwestjes. De Morgan stoar yn 1917, sy twa jier letter yn Londen. Se waard beïerdige op it Brookwood Cemetery, ûnder Woking yn Surrey.

Evelyn de Morgan liet har yn har wurk ynspirearje troch ûnder oaren de prerafaelyt Edward Burne-Jones, Dante Gabriel Rossetti en de troch har bewûndere Sandro Botticelli.[1] Har temas (fan ljocht en tsjuster as metafoaren; libben en dea) ûntliende se oan bibelske en allegoaryske figueren en tafrelen en sterke frouljusfigueren, faak mei it boadskip fan hope en moed. De Twadde Boerekriich en it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch laten ta it meitsjen fan goed fyftjin wurken mei anty-oarlochssentimint. Yn 1916 organisearre se in tentoanstelling fan 13 wurken ta stipe fan it Reade Krús.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.victorianweb.org/painting/demorgan/index.html