Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

It Frysk Museum is in museum foar keunst en skiednis, fêstige yn Ljouwert.

Frysk Museum
  museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Wilhelminaplein 92
koördinaten 53°11′59″N 5°47′40″E
Algemiene gegevens
type keunstmuseum
skiedkundich museum
wurkmêd Fryslân
oprjochting 1881
oprjochter Frysk Genoatskip
oerflak 4.000
besikers 110.000 (2014)
netwurk(en) Museumferiening (MV)
Arsjitektuer
namme gebou it nije Frysk Museum
type gebou museumgebou
arsjitekt Hubert-Jan Henket
boujier 2010-2012
boustyl modern
Offisjele webside
www.friesmuseum.nl
Kaart
Frysk Museum (Ljouwert-Binnenstêd)
Frysk Museum
Lokaasje yn Ljouwert

It Frysk Museum is ûntstien út de tentoanstelling by it fyftich-jierrich bestean fan it Frysk Genoatskip yn 1877. Dy tentoanstelling wie sa'n súkses dat fan it jild dat oerbleau it Eysingahûs kocht wurde koe om de tentoanstelde kolleksjes fan de provinsje en fan it Genoatskip fan 1881 ôf in permanint plak te jaan. It museum is yn de rin fan de tiid ferskate kearen útwreide mar rjochtet him noch hieltiten op sawol keunst as skiednis. Dy kombinaasje wurket bytiden hiel goed, mar der hawwe ek útstellen west foar in apart op skiednis rjochte museum. Teffens jout it museum ek ûnderdak oan it Fersetsmuseum Fryslân en oan Slieker Film (it eardere Ljouwerter Filmhûs).

Nijbou Wilhelminaplein (Saailân)

bewurkje seksje

Op 14 maaie 2002 die bliken dat it Frysk Museum in legaat krigen hie fan de arsjitekt Abe Bonnema, foar nijbou fan it museum op it Saailân mei as betingst dat it ûntwerp fan arsjitekt Hubert-Jan Henket wêze moast. Dat hat laat ta in protte diskusje oer de foardielen en neidielen fan it ferfarren fan it museum nei dat plak. Ut in referindum die bliken dat in grutte mearderheid tsjin de nijbou wie, mar de Ljouwerter gemeenteried hat de útkomst neist him dellein.

2010 waard mei de nijbou útein set[1] en yn 2012 waard it gebou oplevere. It ynrjochtsjen duorre in jier. Op 13 septimber 2013 iepene keninginne Máxima it nije Frysk Museum.[2][3]

Ta de topstikken fan it museum hearre ûnder oaren de Grutte fibula fan Winaam út de 7e iuw en de sulveren Poptaskat út de 17e iuw. Ek it ûnderstelde swurd fan Grutte Pier is yn besit fan it museum. De Mata-Hari-seal jout spesjaal omtinken oan it libben fan de eksoatyske dûnseresse en ûnderstelde spionne Mata Hari, waans namme yn werklikheid Margaretha Zelle wie en dy't fan Ljouwerter komôf wie. Fierder hat it museum wurken fan de keunstskilders Wigerus Vitringa, Willem van Althuis, Wybrand de Geest, Eelke Jelles Eelkema, Adriaen van Cronenburg, Lourens Alma Tadema en Gerrit Benner yn de kolleksje.

It Frysk Museum wie yn 2015 de winner fan de BankGiro Loterij Museumprijs. Yn 2018 krige it museum de Global Fine Art Award foar de útstalling Alma-Tadema, klassieke verleiding.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fries Museum: Over het museum/ over het gebouw
  2. Het Koninklijk Huis: Koningin-maxima-opent-fries-museum, 16 july 2013
  3. Leeuwarder Courant: Koningin Máxima opent nieuw Fries Museum, sjoen 13 septimber 2013
  4. Fries Museum wint 'museum-Oscar' voor expositie Alma-Tadema nos.nl