Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Fryske Rie foar Heraldyk

De Fryske Rie foar Heraldyk is in riejaande kommisje dy't oer de wapens en flaggen fan de oerheid, de provinsje Fryslân, de gemeenten, de wetterskippen, de steds- en doarpswapens en de besteande famyljewapens advizen ferskaft. Fierders hat ek de Nederlânske Hege Rie fan Adel hjir in yn de wet fêstleine taak (allinnich oer aadlike wapens en oerheidswapens). De Fryske Rie foar Heraldyk is gjin oerheidsorgaan en hat gjin wetlike taken en foegen.

Fryske Rie foar heraldyk
De Fryske Earn komt yn de heraldyk fan Fryslân in soad as wapendier foar.

Nei oanlieding fan it 'Flaggerapport' waard, op inisjatyf fan Klaas Sierksma, troch it bestjoer fan de Fryske Akademy, ûnder de wjukken fan it 'Genealogysk Wurkferbân' yn maaie 1956 de 'Fryske Rie foar Heraldyk' oprjochte. Earste foarsitter waard drs. J. Visser en Sierksma waard sekretaris. De rie bestiet út herauten, dy't ferneamd binne nei de gebieten Westergoa, Eastergoa, Sânwâlden, de Alve Stêden, It Bilt, de Waadeilannen en Stellingwarf. Yn de midsiuwen wienen de herauten yn tsjinst fan in keizer, kening of hartoch en hienen meardere funksjes. Hja wienen fertrouwensman, sletten yn opdracht ferdraggen en organisearren toernoaien.

De Rie advisearret ek oer de foarmjouwing fan nije wapens foar oerheden, doarpen, famyljes en ferienings en/of makket ûntwerpen hjirfoar. Dizzen wurde yn it "Genealogysk Jierboek" publisearre, dat troch de "Fryske Akademy" útjûn wurdt. De Rie advisearret ek oer flaggen, flaggeprotokollen, wimpels, banieren en standerts. Fierders fersoarget de Rie (kleur)advizen oer wapens by (tsjerke)restauraasjes enfh.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: