Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Gemeenten fan Nederlân

Polityk yn Nederlân
Wapen fan Nederlân
Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen
Nederlânske Grûnwet
Regear
Steatshaad (Willem-Alexander)
Kabinet
Minister-presidint (Mark Rutte)
Ministers en steatssekretarissen
Hege Kolleezjes fan Steat
Earste Keamer
Twadde Keamer
Ried fan Steat
Algemiene Rekkenkeamer
Nasjonale ombudsman
Desintrale oerheden
Provinsjes
Provinsjale Steaten
Deputearre Steaten
Kommissaris fan de Kening
Gemeenten
Wetterskippen

De gemeenten fan Nederlân binne nei de Ryksoerheid en de provinsjes fan Nederlân de tredde betjoerslaach yn Nederlân. De ynrjochting en it bestjoer fan de gemeenten wurde regele yn de Gemeentewet.

Op 1 jannewaris 2024 wiene der 342 yn it Jeropeeske part fan Nederlân en trije iepenbiere lichems yn it Karibyske part fan Nederlân. Hja wurde as bysûndere gemeente oantsjut, dochs op likense wize bestjoerd.

It tal gemeenten is sûnt de mid-19e iuw troch gemeentlike weryndielings mei twatred ôfnommen. Yn 1851 wiene der 1209 gemeenten en yn 2024 noch 342.

De gemeenten ferskille noch al yn grutte fan oerflak en ynwennertal. De gemeente Westervoort is de lytste mei in oerflak fan 7,01 km², wylst Súdwest-Fryslân mei in oerflak fan 522,70 km² de grutste is. Skiermûntseach hat mei 971 de minste ynwenners en is mei 23 ynwenners/km² it tinst befolke. Amsterdam hat mei 934.855 de measte ynwenners, wylst De Haach mei in befolkingstchtens fan 6827 ynwenners/km² it tichtst befolke is.

Oant en mei 1795 yn de tiid fan de Republyk wie der in grut ferskil in foarmen fan pleatslik bestjoer. It ferskil tusken stêden en doarpen wie tige grut. Stêden hiene stedsrjochten en oare privileezjes, lykas it heffen fan poartejild, dy't noch út it tiidrek fan it feodale stelsel ôfkomstich wiene. Doarpen wiene part fan in hearlikheid of yn it gefal fan Fryslân, fan in gritenij. De hear en/of grytman, dy't almeast lid fan aadlike en haadlingefamyljes wiene, beneamden in skout foar deistige saken. it pleatslik bestjoer yn te rjochtsjen. Yn 'e snuorje fan de Bataafske Republyk (1795-1806) waarden nei Frânsk foarbyld doarpen en stêden lyksteld yn in nije bestjoersfoarm dy't "gemeente" neamd waard. Yn 'e Steatsregeling fan 1 maaie 1798 waard hjitten dat dy gemeenten ynearsten administrative ieneden wiene mei inkeld útfierende taken. De stêden ferlearen harren autonomy. Yn in nije steatsregeling yn 1801 waard de selsstannigens fan de gemeente erkend en krigen se foech sels it pleatslik bestjoer yn te rjochtsjen.

Doe't de Bataafske Republyk ta it Keninkryk Hollân (1806-1810) omfoarme waard, waard de ynrjochting fan it gemeentebestjoer sintraal fêstlein (1807), itjinge winliken de earste Gemeentewet neamd wurde kin. De gemeenten krigen yn dy snuorje hieltyd minder foech. Doe't Nederlân streekrjocht út Frankryk wei bestjoerd waard (1810-1813) waarden de gemeenten fannijs werombrocht ta inkeld administrative ienheden. De Frânske Gemeentewet fan 1811 hjitte in grutte fan teminsten 500 of mear ynwenners, mar stribbe nei in tal fan likernôch 2.000 ynwenners. Yn 1811 wiene de earste gemeentlike weryndielings. Ek de grutte fan it grûngebiet waard ien fan de betingsten foar weryndieling.

Yn it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen (1815-1830) waard it ûnderskied tusken selsstannige stêden mei eigen bestjoerlike rjochten, plattelânsgemeenten dêr't it bestjoer fan hegerop yn beneamd waard en gemeenten dy't part fan in hearlikheid wiene, werombrocht. Yn it lêste gefal beneamde de hear in part an de gemeenterie en koe op dy manier ek de kar fan de wethâlders beynfloedzje. De Gemeentewet fan 6 maart 1818 hjitte dat alle besluten fan stêden en gemeenten troch de oerheid goedkard wurde moatten.

Yn 'e nij opstelde grûnwetfernijing fan 1848 troch Johan Rudolph Thorbecke ferdwûn it ûnderskied tusken stêden en doarpen definityf. Yn de Gemeentewet fan 1851, dy't ek fan Thorbeke kaam, waard it gemeentebestjoer regele. De troch de gegoede ynwenners, dy't kiesrjocht hiene, keazen gemeenterie waard as heechste orgaan oanwiisd. It bestjoer fan alle gemeenten bestrie tenei út in gemeenterie, it kolleezje fan boargemasters en wethâlders en in troch de kening beneamde boargemaster. Thorbecke ferplichte as nij minimum foar gemeenten in kiezerstal fan 25 belesting beteljende manlju.

Yn 1966 waard in nije faze fan gemeentlike weryndielings mei de Twadde Nota Romtlike Oardering, dêr't net langer de gemeenten sintraal yn stiene, mar de romtlike oardering dy't ornearre waard op it flugge proses fan ferstedskjen, en de dêroan besibbe problematyk, de ekonomy en sosjaal-kulturele en technologyske aspekten. It ferstedskjen hie gefolgen foar stedske agglomeraasjes en gewesten, dy't gauris oer de gemeentegrinzen hinne rûnen en dêrmei foar guon gemeenten, dy't gearfoege waarden, of troch stedske gemeenten anneksearre waarden. Yn 'e iere 1980-er jierren waard nei in soad diskusje besletten ta trije bestjoerslagen: ryk, provinsjes en gemeenten. De gewesten waarden loslitten en ferfongen troch yntergemeentlik oparbeidzjen. Gemeenten moasten dêrtroch grutter wurde sa't de pleatslike bestjoerslaach sterker stean koe. Dat late ta in weach fan weryndielings en fúzjes yn de 1980-er en 1990-er jierren. Dat oparbeidzjen late sûnttiids ta hieltyd gruttere gemeenten, mar ek it ûntstean fan plusregio's en oare stedsgewesten, dêr't meardere gemeenten yn gearwurkje.

 
De gemeenten fan Nederlân (2024)

De gemeente is nei de Ryksoerheid en de provinsjes de tredde bestjoerslaach yn Nederlân. De twa grutste gemeenten yn Nederlân, Amsterdam en Rotterdam, hiene oant 2014 dielgemeenten. Dy waarden dêrnei ferfongen troch gebietskommmisjes. Nederlân is in ienheidsteat en de gemeente is de take-útfierder fan de oerheid op gemeentlik mêd. De gemeente is in iepenbier lichem en wurdt dus bestjoerd troch bestjoersorganen. De gemeenteried, it kolleezje fan boargemasters en wethâlders, de boargemaster en de kommisjes binne bestjoersorganen. Al dy organen hawwe harren eigen foech en taken.

Gemeenteried

bewurkje seksje

Neffens de Grûnwet is de gemeenteried it heechste orgaan yn in gemeente. De gearstalling fan de gemeenteried wurdt ienris yn 'e fjouwer jier keazen by gemeenteriedsferkiezings. It tal gemeenteriedsleden hinget ôf fan it tal ynwenners fan de oanbelangjende gemeente. De lytste gemeenten (minder as 3.000 ynwenners) hawwe 9 riedsleden, de grutste gemeenten (mei mear as 200.000 ynwenners) hawwe 45 riedsleden. Alle persoanen fan 18 jier en âlder kinne winliken lid wurde fan in gemeenteried. De politike partijen meitsje in list fan kandidaten dy't harsels ferkiesber stelle dêr't de kiezers dan op stimme kinne. In gemeenteriedslid docht syn wurk almeast yn syn frije tiid; hy hat dêrnjonken in gewoane baan. De riedslid krijt in fergoeding fan syn warberens.

Haadtaken fan de gemeenteried binne it fêststellen fand ehaadlinen fan belied, it tafersjoc op it útfieren dêrfan en it fertsjintwurdigjen fan de boargers. Ek stelt de gemeenteried de begrutting fêst en beneamt wethâlders en kin se ek dien jaan. As it plak fan de boargemaster frijkomt, docht de gemeenteried in foardracht oan de Kroan. Yn 'e gemeenteried binne de stimmen fan alle leden like swier. Besluten wurde oannommen by in mearderheid fan de stimmen. De gemeenteried wurdt ûnderstipe troch de griffier. De griffier stiet de ried en de troch de ried ynstelde kommisjes by by it ûtoefenjen fan harren taken.

It Kolleezje fan boargemaster en wethâlders

bewurkje seksje

It Kolleezje fan boargemaster en wethâlders, gauris koartwei "B en W" neamd, is it deistich bestjoer fan 'e gemeente. Allyk soarget it kolleezje foar it útfieren fan lanlike regelings, it meibewâld neamd. As deistich bestjoer is it kolleezje de earst ferantwurdlike ynstânsje foar de finânsjes fan 'e gemeente. It kolleezje fiert it personeelsbelied fan 'e gemeentlike organisaasje.

It kolleezje hat foar it útfieren fan syn taken guon wetlik foech. In foarbyld dêrfan is it oan- en ferkeapjen fan gemeentlike eigendommen. Yn it kolleezje hawwe alle wethâlders harren eigen taakmêd of portefúlje. Oer it brûken fan guon foech moat earst troch it kolleezje as gehiel besletten wurde. Hja beslute by de meardeheid fan de stimmen, dêr't de stim fan 'e boargemaster de trochslach jout as it tal stimmen lyk is.

It kolleezje moat him oer it te fieren belied ferantwurdzje oan 'e gemeenteried. As de ried it net mei in kolleezjebeslút iens is, kin de ried dat beslút lykwols net weromdraaie. De ried kin der wol by it kolleezje oantrune en nim in oar beslút. Yn uterste gefallen kinne ien as mear wethâlders dien krije.

Wethâlders wurde troch de ried beneamd. As ien fan de riedsleden ta wethâlder beneamd wurdt, ferliest er syn riedlidmaatskip. As riedslid wurdt er dan neifolge troch in oare fertsjintwurdiger fan syn partij.

Alle wethâlders hawwe harren eigen taakmêd of portefúlje, lykas ûnderwiis, finânsjes, hûsfêsting, sport, kultuer en iepenbier wurk. In gemeente moat op syn minst twa wethâlders hawwe, mar it meie der net mear as 20% fan it tal riedsleden wêze. Dêrnjonken meitsje de politike partijen dy't it kolleezje foarmje, ôfspaken oar it tal wethâlders en de ynhâld fan de portefúljes. It wethâlderskip is yn de measte gemeenten in foltiids deitaak, dêr't der yn guon gemeenten ek wol dieltiidswethâlders foar, benammen yn lytsere gemeenten. De wethâlder krijt, ôfhinklik fan de grutte fan 'e gemeente, in salaris. Tusken de ried en de wethâlder jildt, lykas tusken de Twadde Keamer en minister, de betrouwensregel. Ferliest de wethâlder it betrouwen fan 'e ried, dan moat er opstappe.

Boargemaster

bewurkje seksje

Ta tsjinstelling ta de riedsleden en, lykwols net streekrjocht, de wethâlders, wurdt de boargemaster net keazen, mar beneamd troch de Kroan, nei foardracht fan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Nei't der in boargemastersplak frijkomt, wurde solisitanten oproppen fia in advertinsje yn 'e Steatskrante. Underwilens makket de gemeenteried in profylskets dêr't de nije boargemaster oan foldwaan moat. De measte gemeenterieden stelle ek in betrouwenskommisje yn dy't in foarkarsfolchoarder fan kandidaten oanjaan meie. De gemeenetried beslút lang om let oer de seleksje fan kandidaten en stjoert in list mei op syn minst twa nammen nei de minister. Almeast folget dy de oanrekomandaasje fan de gemeenteried op. Foarôfgend de oanrekomandaasje kinne gemeenten in sanemad boargemastersreferindum hâlde, dêr't alle kiesgerjochtige ynwenners in foarkar útprekke kinne.

De boargemaster is de foarsitter fan de gemeenteried en foarsitter fan it kolleezje fan B en W. Fan it kolleezje is er lid, mar net fan de gemeenteried. De boargemaster hat in tal wetlike taken en foaech. Hy is ferantwurdlik foar it hanthavenjen fan de iepenbiere oarder en de feiligens yn 'e gemeente. As beneamd bestjoerder hat de oargemaster ek winliken de funksje as it hâlden fan tafersjoch. Hy moat besluten fan de gemeenteried en it kolleezje útfiere, dochs as er tinkt dat sokke besluten yn striid mei de wet of it algemien belang is, kin er sa'n beslút foar ferneatiging by de minister fan Ynlânske Saken foardrage. It beneamen fan in boargemaster is jildich foar seis jier. Nei oanrekomandaasje fan de gemeenteried wurdt in boargemaster almeast automatysk werbeneamd. Allinnich de kroan, de kening en de ministers kinne de boargemaster dien jaan. Yn in soad gefallen jout de boargemaster de eare oan himsels nei't de gemeenteried syn betrouwen yn 'e boargemaster opseit.

Taken en foech

bewurkje seksje

Guon fan de taken en foech fan in gemeente binne:

  • Stedsûntjouwing
  • Ferkear en ferfier
  • Underwiis
  • Wolwêzen en sosjale saken
  • It ynsammeljen en ferwurkjen fan ôffal
  • It heffen fan belestings

Ferhâlding mei oare oerheden

bewurkje seksje

Nederlân is in ienheidsteat en yn alle Nederlânske gemeenten wurde in tal lanlike regels, bygelyks op it mêd fan útkearings, miljeuwetjouwing, boargerlike stân, opd eselde manier tapast. Soks wurdt meibewâld neamd. Foar meibewâld oer stiet it begryp steatsrjochtlike autonomy. Dêrmei wurdt it foech fan in gemeentebestjoer oantsjut dy't de eigen hûshâlding fan 'e gemeente oanbelangje te regulearjen. De gemeente sels bepaalt oan hokker ynstellings se subsydzje jaan, hoefolle jongereinplakken en moetingssintrums yn in gemeente wêze kin. De gemeente is dus baas oer syn eigen hûshâlding salang't it net it rysbelied trochkrúsket. Hja meie harren ek net mei priveesaken fan boargers bemuoie.

Al foar in skoft jout de Ryksoerheid beskate taken en foech nei de gemeente. Dy desintralisaasje moat gemeenten mear earmslach en ferantwurdlikheden jaan. Earstoan waarden subsydzjes út in Haachsk ministearje wei oan pleatslike ynstellings jûn, hjoed-de-dei hawwe gemeenten folle mear foech oangeande it tawizen fan jild. Oan oare kant binne der mêden dêr't in gemeente him net mei bemuoit. Gemeenten binne net tastien harren eigen bûtenlânsk belied te fieren. Ek skaen oangeande definsje hearre net ta gemeentlike taken.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige wikipedyside, sjch foar de bewurkingsskiednis op nl:Nederlandse gemeente