Harkspul
In harkspul is in foarm fan toaniel wêrby't útslutend gebrûk makke wurdt fan lûd. Harkspullen wurde dan ek makke foar it medium radio, wêrby't men ommers gjin bylden hat. Sadwaande wurdt ek wol sprutsen fan in radiodrama of fan radiotoaniel. It harkspul waard yn 1924 yn Ingelân útfûn, en wie tweintich oant tritich jier lang tige populêr, oant de tillefyzje syn yntrede die, en it harkspul troch konkurrinsje mei de film yn it neigean rekke. Tsjintwurdich heart men mar komselden mear harkspullen.