Hear (titel)
In hear (froulike foarm: frouwe) is de titel fan in ealman dy't oer in hearlikheid regearret. It is ien fan 'e leechste aadlike titels, en hearen wiene dan ûnder it feodale stelsel yn 'e regel ek lienman fan hegere eallju.
Alde hearlikheden
bewurkje seksjeEk yn 'e Nederlannen kamen foarhinne in protte hearen foar. Dêrby koe it wêze dat dy streekrjocht fazal fan 'e keizer fan it Hillige Roomske Ryk wiene sûnder dat se ûnderhearrich wiene oan in tuskenlizzende hearskippij fan bgl. de greve fan Hollân of de hartoch fan Gelre. Yn sokke gefallen waard sprutsen fan in baanderhear of bannerhear, en waard it gebiet fan sa'n ealman in 'ryksûnmidlike hearlikheid' neamd. Sokke lju hiene har mei súkses witten te fersetten tsjin 'e opkringende macht fan 'e hegere eallju út 'e omlizzende gebieten. Meastal, lykwols, siet der noch teminsten ien bestjoerslaach tusken in hear en de keizer yn.
Jongere hearlikheden
bewurkje seksjeDe âldste hearlikheden kamen fuort út in allodium of eigengoed, in gebiet dêr't de hear soeverein wie en dus absolute macht hie. Neigeraden dat him letter it feodale stelsel ûntjoech, rekken sokke legere eallju har totale ûnôfhinklikheid kwyt en waarden se teminsten ûnderhearrich oan 'e ien hege lienhear, dat yn it gefal fan 'e Nederlannen de keizer fan it Hillige Roomske Ryk wie, mar yn oare lannen bgl. de kening fan Frankryk of Ingelân wêze koe. Tsjin dy tiid koe sa'n lienhear ek nije hearlikheden skeppe troch lapen lân út te jaan oan eallju dy't er begeunstigje woe, yn ruil foar in beskate fergoeding dy't ornaris op kriichstsjinst berêste. Sokke jongere hearlikheden wiene dus nea folslein selsstannich. Op dy wize ûntstiene oant yn 'e sechstjinde iuw noch nije hearlikheden.
Rjochten fan hearen
bewurkje seksjeIn hear hie in grut tal saneamde hearlike rjochten, wêrûnder it rjocht fan rjochtspraak. Datoangeande bestiene der trije soarten hearlikheden:
- by in ambachtshearlikheid, lege hearlikheid of grûnhearlikheid hie de hear benammen foech oangeande sivylrjochtlike saken en it bestraffen fan lichte oertrêdings;
- by in middelbere hearlikheid bestie der grutter sivylrjochtlik en justysjeel foech;
- by in hege hearlikheid hearde ek it foech ta it bestraffen fan 'e swierste fergripen mei liifstrafen oant en mei de deastraf.
Hearen koene fierders withoefolle oare rjochten hawwe, lykas beneamingsrjochten, tsiendrjocht, synsrjocht (ta belestingynjen), tolrjocht, banrjocht, wynrjocht, rjocht fan swannedrift, rjocht fan doweflecht, rjocht fan einekoai, jachtrjocht en fiskrjocht.
Foarbylden
bewurkje seksjeIen fan 'e mar in hantsjefol hearlikheden yn 'e Nederlannen dy't oant 1795 ta (doe't mei de Frânske Tiid in ein oan it feodaal regear kaam) folslein selsstannich wisten te bliuwen, wie de hearlikheid Ravenstein, yn wat no Noard-Brabân is. In oare ûntwikkeling makke Mechelen troch, dat ek selsstannich bleau, mar troch fererving mei de oare Nederlannen yn 'e hannen fan Karel V kaam en letter fia dy syn soan Filips II fan Spanje ta de Spaanske Nederlannen kaam te hearren (mar dêrbinnen oant 1795 wol in eigen bestjoer hold). Fryslân waard nei it ôfskaffen fan 'e Fryske Frijheid, yn 1498, ek in hearlikheid, en bleau dat yn namme oant 1795, ek al makke it fan 1582 ôf diel út fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen. It Amelân, ta einbeslút, wie in frijhearlikheid (mei in frijhear of frijfrouwe oan it haad), dy't yn 'e Midsiuwen in hoart ûnder Hollânsk bewâld stie, mar tsjin 'e santjinde iuw syn ûnôfhinklikens opeaske en ek ynternasjonaal as in selsstannich steatsje erkend waard, oant it yn 1795 by de rest fan Nederlân kaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |