Ikum
Ikum is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. Hy leit yn it âlde lânskip Humsterlân, benoarden de wei fan Kommersyl nei Oldehove, tusken de buorskippen Gaaikemawear en Aalsum. De buorskip bestiet winliken út in pleats op in húswier fuort beëasten de húswier Korhorn. De namme Kor(n)horn wurdt ek wol ferbûn mei de pleats benoarden fan Ikum, dy't wat fan de wei ôf stiet oan de âlde dyk fan Humsterlân, mar ek oan de omkriten besuden de Aalsumerwei.
Súdeastlik fan de pleats Ikum leit oan de oare kant fan de wei noch in pleats en in hûs. Eartiids stienen op en om it steed trije arbeiderswenningen. Eastlik fan Ikum leit de monumintale pleats Holmsterheerd. Bewesten Ikum en Korhorn stiet de pleats Hummersmaheerd (eartiids Ikama). Ikama (Ikema) en Ikum binne twa stagen fan deselde famylje dy't dêr ea wenne hawwe.
Yn de wier is kûgelpôtierdewurk (út de midsiuwen) fûn.
Dopersken en grifformearden
bewurkje seksjeBy Ikum waard om 1729 hinne in doperske fermanje fan de Alde Flamingen boud. Neidat de lêste fermaner yn 1770 stoar foel de gemeente útinoar en de oerbliuwende leden sleaten harren dêrnei yn 1776 oan by de minnistegemeente Humsterlân dy't gearkaam yn in fermanje ('Ol Vermoaning') by de pleats Ter Horn(e) oan de âlde Humsterlandweg tusken Noordhorn en Oldehove. Op dat plak (no Jensemaweg 5) stiet no in hûske. Yn 1778 waard de fermanje fan Ikum ferkocht en foar 1820 moat it gebou sloopt wêze mei't it net mear foarkomt op de kadastrale minút. Dêrnei waarden dêr twee aanzienlyke boerderijen set.
Yn 1835 stichte Hendrik de Cock de grifformearde tsjerke fan Ezinge by Geert Simons thús op Ikum.[1] Dy tsjerke siet fan 1840 ôf twa jier yn de fermanje fan Ter Horn (dêr't de gemeente fan in jier earder nei Noordhorn ferhuze wie), en ferhuze yn 1842 nei Ezinge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|