Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Gokken

(Trochferwiisd fan Kânsspul)

Gokken is it ferwedzjen fan jild of wat oars fan wearde (de saneamde 'ynset') op 'e ûnwisse útkomst fan it iene of oare barren, mei as primêre doel it winnen fan jild of oar materieel guod. Dêrby wurdt de útkomst yn 'e regel daliks bepaald troch bygelyks it rôljen fan dobbelstiennen, it draaien fan in rûlettetsjil, it útlizzen fan ien of mear kaarten of it ferrinnen fan in hynste- of hûnerace.

Gokkers oan it spul op in skilderij fan Caravaggio út 1594.

As sok gokken yn organisearre ferbân plakfynt, yn in foarm fan in spul mei fêste regels, sprekt men fan in kânsspul. In iepenbiere gelegenheid dy't him (fral) taleit op it bieden fan fasiliteiten foar gokken, hjit in kasino. Immen dy't weddenskippen yn it ramt fan gokken op 'e útkomst fan in hynstekoers, in sportwedstryd of in ferkiezing fêstleit, is in bookmaker. Guon stêden steane by útstek bekend om alle kasino's dy't dêr fêstige binne, lykas Las Vegas en Atlantic City yn 'e Feriene Steaten, Monte Carlo yn Monako, en Makau, de eardere Portegeeske koloanje op 'e kust fan Sina.

Yn in protte lannen is gokken by wet ferbean, om't it troch it ûntstean fan gokferslaving in tige negative ynfloed op 'e maatskippij útoefenje kin. Yn in protte Amerikaanske steaten is dat bgl. sa, en dêr hawwe Yndiaanske stammen handich op ynspile troch ûnder de Wet op de Regulearring fan de Yndiaanske Kânsspullen út 1988 kasino's te bouwen yn harren reservaten (dy't net ûnder de steatswetjouwing falle). Yn Nederlân is it eksploitearjen fan kasino's in oerheidsmonopoalje dat inkeld troch Holland Casino útoefene wurde mei. Yn Karibysk Nederlân en op Kurasau, Arûba en Sint-Marten is de wet oangeande kânsspullen folle frijer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.