Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Lead (elemint)

(Trochferwiisd fan Lead (metaal))

Lead is in skiekundich elemint mei symboal Pb en atoomnûmer 82. It is in donkergriis haadgroepmetaal.

Lead
Atomêre-emisjeespektrometry fan lead
Readlead is in mingsel fan Pb(II)-okside en Pb(IV)-okside.

Lead wurdt sûnt 5000-4500 f.Kr. brûkt omdat it op in soad plakken yn de wrâld foarkomt en ienfâldich bewurke wurde kin. Algemisten tochten dat lead it âldste metaal wie en assosearren it mei de planeet Saturnus. Yn it Romeinske Ryk waarden leaden pipen brûkt om wetter te transportearen dy't yn guon gefallen 2000 jier letter noch altiten brûkt wurde.

Yn de jierren 1980-90 ûntstie it besef dat lead skealik is foar it miljeu mei as gefolch dat it gebrûk derfan oan bannen lein waard. Yn autobrânstoffen waaard lead ferfongen troch oare stoffen en leaden piipliedings waarden ferfongen troch piipliedingen yn keunststof, (fersinkt) stiel of koper.

It symboal fan lead Pb komt fan de Latynske namme Plumbum.

Lead is in swier metaal.

Sûnt it bekend wurden fan de skealikheid fan leqad foar it miljeu, is it gebrûk derfan sterk weromkrongen. Oant dy tiid wienen der in soad tapassings:

  • De hege bûchsumheid makket lead geskikt om by wenningbou naden te tichtsjen (leadslab). Fan dizze eigenskip wurdt ek gebrûkmakke yn ramen fan glês en lead, wêrby't it stikje glês yn in leaden fetting opsluten sit en de leadstrippen oan elkoar soldearre wurde.
  • Yn oplaadbere batterijen en akku's wurdt lead as elektroade brûkt.
  • Yn brânstoffen kin leadtetraetyl brûkt wurde as oktaan ferbetterder. Yn de EU is dat sûnt 1999 net mear tastien.
  • Lead kin tapast wurde yn ferve om it better bestindich te meitsjen tsjin waarsynfloeden. Sûnt 1990 is dat yn de EU net mear tastien. As pigmint waard leadwyt (leadokside) in soad tapast.
  • Legearing mei tin foar oargelpipen.
  • Lead is in wichtige komponint fan letter-metaal, dit binne legearings fan lead mei tin (1-20%) en antimoan (2-30%). Dizze waarden fanôf midden 15e iuw oant fier yn de 20e iuw brûkt om leaden letters te jitten en in soad oar typografysk materiaal.
  • Yn de elektroanika as soldearferbining yn in legearing mei tin en soms ek sulver, bygelyks 60% lead, 38% tin en 2% sulver.
  • Yn de legearing woodsmetaal foar meardere tapassings.

Omdat lead goede beskerming biedt tsjin gammastrieling wurde leaden omskotten faak brûkt om radioaktive boarnen feilich te bewarjen.

Leecg-alfalead strielt net mear alfadieltsjes út as 0,02 alfadieltsjes per sm2 yn it oere. It is meastal âld lead of lead út bepaalde minen en tige weardefol foar de computerchipyndustry.

Opmerklike eigenskippen

bewurkje seksje

Lead is in sêft, bûchsum en kneedber donker-blau-griis metaal dat by keamertemperatuer in minne gelieder fan elektrisiteit is. It is tige korroazjebestindich, sels tsjin konsintrearde oplossingen fan swervelsoer. Troch lead te legearjen mei antimoan of oare metalen kin it hurder makke wurde.

By 7,2 K wurdt lead in supergelieder.

Lead is it swierste elemint dat stabile isotopen hat, hoewol't bismut-209 troch syn tige lange ferfaltiid ek as stabyl beskôge wurde kin. Swierdere eleminten ferfalle úteinlik nei lead. In diel fan it lead is dus ûntstien út dizze eleminten.

Net-bûn lead is frij seldsum yn de ierdkoarste. Faak wurdt it oantroffen yn ertsen dy't neist lead ek sink, sulver en koper befetsje. It meast foarkommende leadhâldende mineraal is galena mei mear as 86% lead. Oare mineralen dy't as leadboarne brûkt wurde binne serussyt en anglesyt. In oare - hieltiten wichtiger wurdende - boarne fan lead is de recycling fan ôftanke leadhâldende materialen.

Meast stabile isotopen
Iso RO (%) Ferfaltiid FF FE (MeV) FP
202Pb syn 52,5·103 j α 1,364 198Hg
204Pb syn 1,4·1017 j α 3,800 200Hg
205Pb syn 1,53·107 j EF 1,531 205Tl
206Pb 24,1 stabyl mei 124 neutroanen
207Pb 22,1 stabyl mei 125 neutroanen
208Pb 52,4 stabyl mei 126 neutroanen
210Pb syn 22,3 j α 5,484 206Hg

Op ierde komme trije stabile leadisotopen foar, ien radioaktive isotoop mei wol sa'n lange ferfaltiid dat it ek as stabyl beskôge wurde kin en in oantal radioaktive isotopen mei koartere ferfaltiden.

Toksikology en feilichheid

bewurkje seksje

Langduorjende bleatstelling oan lead en leadferbinings kin harsenbeskeadigingen feroarsaakje en ta bygelyks deminsy liede. Lead-karbonaat waard yn farve brûkt mar ek as dekoraasje op behang. Skulfers mei lead-karbonaat hawwe in wat swiete smaak. Yn de njoggentjinde iuw kaam it faak foar dat lytse bern hjirop kôgen, foar in ûntwikkeljend brein is de mentale kea tige grut en bliuwend.

Om deselde redenen is it net mear tastien lead te brûken foar wetterliedings of om wetterliedings te soldearen. Mei moderne knel-fittingen binne alle ferbiningen te meitsjen.