Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

München

(Trochferwiisd fan Múnchen)
München
Lân Dútslân
Dielsteat: Beieren
Krite: Kreisfreie Stadt
Ynwennertal 1.471.508 (31 des. 2018)
Oerflak: 310,43 km²
Koördinaten: 48° 08' NB, 11° 34' EL
Webside: www.muenchen.de


München is de tredgrutste stêd fan Dútslân. Der wennen likernôch 1.314.350 minsken yn 2008. Ein 2018 wie it ynwennertal 1.471.508. It is de tolfgrutste stêd fan de Jeropeeske Uny.

Allianz Arena

München waard yn 1158 stifte. Op 9 novimber 1923 besiket Hitler mei in steatsgreep om yn Beieren oan 'e macht te kommen. De steatsgreep mislearret mar it haadkertier fan de NSDAP bliuwt oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich yn München. Krekt as alle Dútske stêden wie ek München slim skeind troch Alliearde bombardeminten, 90% fan it sintrum en 50% fan de hiele stêd waard ferneatige. Yn 1972 waard de tweintichste Olympyske Spullen holden yn de stêd, mar in Palestynske terreuroanslach op in Israelyske sportploech bedoar it evenemint.

Yn de Dútske Bundesliga spylje twa klups út München: FC Bayern München en TSV 1860 München. Beide teams spylje yn de Allianz Arena.

Yn 2006 wie München ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.

Olympyske Spullen

bewurkje seksje

Yn 1972 wienen de Olympyske Simmerspullen yn München. De simmerspullen fan 1972 binne foaral bekend om de gizeling fan 11 Israelyske atleten troch in keppel palestinen. It besykjen om de 11 atleten te befrijden wie fergees, hja rekken alle 11 dea.

Fasiliteiten

bewurkje seksje
Olympiapark

Yn it noarden fan de stêd leit it plak dêr't yn 1972 de Olympyske Simmerspullen holden waarden, it Olympiapark. It Olympiastadion, Olympia swimbad en Olympia sporthal binne wrâldferneamd om de bysûndere sealtekkonstruksje dat mei it heuvelgea deromhinne in prachtich gehiel foarmet. By it Olympiapark is noch in 291 m hege Olympiatoer en it Olympia iisstadion.

Allianz-Arena

De Allianz Arena is in stadion mei 66.000 sitplakken waard yn 'e maitiid fan 2005 iepene. Yn dat stadion spylje FC Bayern München en TSV 1860 München. By de wrâldfuotbalkampioenskippen fan 2006 waard it iepeningsspul spile yn de Allianz Arena.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
  • De Weißwurst is in kulinêre spesjaliteit út München.
 
>
  Beieren  
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise

Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte

Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

  ·   ·