Maly Trostenets
Maly Trostenets (Wyt-Russysk: Малы́ Трасьцяне́ц) is een doarp krekt bûten Minsk yn Wyt-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich wie dêr in betreklik ûnbekend nazikonsintraasjekamp.
Skiednis
bewurkje seksjeIt waard yn de simmer fan 1941 boud as konsintraasjekamp foar Russyske kriichsfinzenen (omdat yn juny fan dat jier Dútslân Ruslân oanfallen hie ûnder de koadenamme Operaasje Barbarossa) op it plak fan dêr't al in kolchoz wie, bemanne fan 500 oant 1000 joadske en net-joadske finzenen. Op 10 maaie 1942 waard it in ferneatigingskamp, opset om de joaden út it getto fan Minsk útrûgje te kinnen. It grutste part fan de joaden kaam fan Minsk, mar ek út Eastenryk, Dútslân en Tsjechoslowakije en Poalen kamen transporten oan. De measte joaden waarden fuortendaliks deadien mei in nekskot oan de râne fan it massagrêf dêr't se bedobbe wurde soene. Ut en troch binne (wierskynlik) ek gasweinen brûkt.
Doe't it Reade Leger yn 1944 hieltyd fierder opteach, bombardearre de SS it kamp om it bewiismateriaal fan de massamoard te ferneatigjen. Der binne gjin oerlibbenen fan Maly Trostenets bekend. Yn it earstoan waard it tal slachtoffers rûsd op 200.000 oant 500.000, mar no hat men it oer minimaal 40.000 en maksimaal 65.000 deaden (Yad Vashem[1]). Op it plak sels wiene neffens de Russen lykwols dochs tekenen dat dêr sa'n 206,000 fermoarde binne.
Fan it kamp is allinnich in rige populieren oer (part fan de freding, troch finzenen set) en der is in monumint foar de slachtoffers.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|