Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

De Mantgumer Feart (Offisjeel Frysk) is in feart yn de gemeente Ljouwert (53°07'48" N - 5°43'37" E).

De Mantgumer Feart ferbynt Mantgum mei De Swette. It eastlike part is in hast hielendal rjochte feart troch de Nijlannen, dy't de grins foarmet tusken it Jorwerter Nijlân en it Mantgumer Nijlân. Binnendyks draaide de feart eartiids oan de noardkant om Mantgum hinne, en hie fia oare fearten dan ferbining mei de Jaanfeart. As opfeart brûkte Mantgum twa sleatten, út in ferkaveling mei seis.

De noardlikste, dy't fan Hokswier it doarp yn gong wie lykwols it wichtichst en yn de 20e iuw foarme dy de rin fan de feart, wylst de âlde rin net mear brûkt waard. Oan de ein fan de 20e iuw binne yn Mantgum tusken it doarp en dy âlde rin wetterwiken oanlein, dat dy is no wer iepene as ferbining mei it rekreaasjewetter. De Mantgummer Feart komt no út by it Mantgumer spoardok.

De namme Mantgumer Feart jildt mei yngong fan 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Mantgumervaart.