Mar fan Bolsena
De Mar fan Bolsena (Italjaansk: Lago di Bolsena) is in mar yn de midden fan Itaalje, dy't mear as 300.000 jier foar Kristus ûntstien is mei it ynstoarten fan de fulkanen fan it Vulsiny-kompleks.
Mar fan Bolsena Lago di Bolsena | ||
Utsjoch fan Montefiascone op de mar fan Bolsena mei de eilannen Martana (l.) en Bisentina (r.) | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | Lears fan Itaalje | |
lân | Itaalje | |
sifers | ||
maks. lingte | 13 km | |
maks. breedte | 11 km | |
oerflak | 113.5 km² | |
djiptegemiddelde | 81 m | |
djipste punt | 151 m | |
wetterfolume | 9,2 km³ | |
kaart | ||
It hat in ovaalske foarm, lykas marren fan dy oarsprong mear hawwe, mei twa eilannen, en foarmet de boarne fan de rivier de Marta.
De mar leit yn it noarden fan de provinsje Viterbo, yn Heech Tuskia. By de east- en noardkant lâns rint de Via Cassia. De mar hat in soad toeristefoarsjennings, fral foar natuertoerisme, lykas kempings, kampearplakken en bêd en brochje.
Plakken oan de mar
bewurkje seksje- Bolsena (4111 ynw.)
- Montefiascone (12.653 ynw.)
- Marta (3436 ynw.)
- Capodimonte (1745 ynw.)
- Valentano (2835 ynw.)
- Gradoli (1496 ynw.)
- Grotte di Castro (2915 ynw.)
- San Lorenzo Nuovo 1179 ynw.)