Marijetsjerke (Mantgum)
De Marijetsjerkeyn Mantgum is it tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Mantgum-Skillaerd.
Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Mantgum | |
adres | Seerp van Galemawei | |
koördinaten | 53° 07'N 5° 43'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | tsjerke: 16e iuw toer: 19e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8498 [1] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Mantgum-Skillaerd | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe ienskepige tsjerke mei in fiifsidich koer datearret neffens de muorredikte út de midsiuwen en wie yn de katolike tiid wijd oan de hillige jongfaam Marije. De tsjerke waard yn de jierren 1865-1867 neffens plannen fan J.I. Douma ferhege en bepleistere en krige doe spitsbôgeramen.
De âlde sealtektoer waard yn 1868 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer mei in ynsnuorre spits. Yn de toer hingje in yn 1499 troch Geart fan Wou getten klok en in yn 1896 troch de firma Van Bergen getten klok.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ynterieur wurdt oerkape mei in tonferwulft en hat noch in geef iken tsjerkemeubilêr út 1799-1781 fan de Ljouwerter houtbewurker Hermannus Berkebijl. Ek de opstelling fan it meubilêr is bewarre bleaun; oan de súdlike kant steane de ryk bewurke (iepen) banken foar de froulju, wylst op de noardlike kant de banken foar de manlju opsteld steane en oan de eastlike kant de banken foar de tsjerkfâlden. It houtsnijwurk op en yn it meubilêr is yn Loadewyk XVI-styl. Unyk foar Fryslân is de rûne preekstoel mei it rûne klankboerd yn de dooptún. Yn de tsjerke lizze sarken fan de bewenners fan Hokswier, de Fan Galama's en de Botnia's.
De brânskildere ramen mei ôfbylden fan tsjerken en tuorren fan de gemeente binne oarspronklik ôfkomstich út it eardere gemeentehûs fan Baarderadiel. Se waarden makke troch J.H. Wijkmans en binne by de bou fan it gemeentehûs yn 1939 troch de befolking oanbean. Nei de gemeentlike weryndieling fan 1984 ferhûzen de ramen nei de tsjerke.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1879 troch Van Dam en Soannen boud en ferfong doedestiids in oargel út 1831 fan J.A. Hillebrand.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|