Middellange Gronology
De Middellange Gronology (ôfkoarte ta M.G.) is in gronology fan 'e Brûnstiid en de iere Izertiid yn it Midden-Easten, dy't de midden hâldt fan 'e fiif gronologyen dy't foar dy tiidrekken yn gebrûk binne. De krekte jiertallen foar alle histoaryske foarfallen fan foàr de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid, om 1200 f.Kr. hinne, binne yn dat diel fan 'e wrâld nammentlik ûnwis. De Middellange Gronology stelt it regear fan 'e Aldbabyloanyske kening Hammoerabi fêst op 1792 f.Kr. oant 1750 f.Kr., en de Fal fan Babylon op 1595 f.Kr. Troch fan dy jiertallen foarút of efterút te tellen kin men de krekte jiertallen fan oare foarfallen fêststelle.
Utlis
bewurkje seksjeDe Middellânge Gronology is basearre op in 56/64-jierske astronomyske berekkening, fêststeld troch bewiis fan it Fenustablet fan Ammisadûka en it Enûma Anû Enlil-tablet nû. 63. Foar it meastepart wie de Middellange Gronology altyd al de gronology dy't brûkt waard foar historiografyske wurken, mar resultaten fan iere dindrogronologyske (basearre op beamringen) en astronomyske ûndersiken lieken de teory te ûntkrêftsjen. Dat resultearre deryn dat guon histoarisy gebrûk begûnen te meitsjen fan 'e Koarte Gronology. Resintere ûndersiken hawwe lykwols útwiisd dat de Middellange Gronology foar 't neist de juste is.
It probleem fan 'e Koarte Gronology is dat dy derfoar soarget dat it twadde milennium f.Kr. in iuw te koart is. Earne yn 'e berekkening fan dy gronology moat dêr dus in hûndertmannich jierren (net needsaaklikerwize efterinoar) ynfoege wurde, mar it is oant no ta nimmen noch slagge om safolle tiid yn te foegjen sûnder it hiele bestel fan bekende foarfallen te ferinnewearjen. Net allinnich lykje dêrtroch by de Koarte Gronology de data foar it twadde milennium f.Kr. keunstmjittige leech, mar wat fierder men tebek giet yn 'e efterlizzende milennia, wat grutter de ûntwrichting wurdt.
Histoarikus Peter J. Huber, oan 'e oare kant, joech de foarkar oan 'e Lange Gronology, dy't krekt méár tiid tusken bekende foarfallen ynbout. Dêrfoar gied er út fan astronomyske gegevens fan 'e Enûma Anû Enlil-tabletten nû. 20 en 21, dy't moannefertsjusterings ferbine mei histoaryske foarfallen út 'e tiid fan 'e Trêde Dynasty fan Oer (2112 f.Kr. – 2004 f.Kr. M.G.), yn 'e mande mei it Fenustablet fan Ammisadûka, dat de moannelingten yn 'e Aldbabyloanyske Tiid jout. Op Huber syn teory kaam dan wer krityk fan in hiel spektrum oan saakkundigen, ûnder wa Hermann Gasche en Vahe Goerzadjan, dy't ynstee op basis fan argeologysk bewiismateriaal en in folsleiner gebrûk fan astronomyske gegevens in Ultrakoarte Gronology foarsteld hawwe. Sy riddenearren dat inkeld de achtjierske syklus fan it Fenustablet alhiel betrouber en dêrom fan praktysk nut wie.
De jongste stúdzjes behelje njonken earder brûkte boarnen ek nije saken yn it ûndersyk. Sa makke in stúdzje út 2001 yn Turkije gebrûk fan 'e nijste techniken op it mêd fan koalstofdatearring, wat foar it twadde milennium f.Kr. data opsmiet dy't yn hege mjitte oerienkomme mei de jiertallen fan 'e Middellange Gronology. Mear stipe foar de Middellange Gronology, of in "Leech Middellange Gronology" dy't acht jier koarter wie, kaam yn 2016 nei foarren út in ûndersyk dat dindrogronology kombinearre mei koalstofdatearring.
Ferliking fan 'e ûnderskate gronologyen
bewurkje seksjehistoarysk foarfal | Ultralange Gronology | Lange Gronology | Middellange Gronology | Koarte Gronology | Ultrakoarte Gronology |
---|---|---|---|---|---|
Akkadysk Ryk | ? | ? | 2334 f.Kr. – 2154 f.Kr. | 2270 f.Kr. – 2083 f.Kr. | 2200 f.Kr. – 2018 f.Kr. |
Trêde Dynasty fan Oer | ? | 2161 f.Kr. – 2054 f.Kr. | 2112 f.Kr. – 2004 f.Kr. | 2048 f.Kr. – 1940 f.Kr. | 2018 f.Kr. – 1911 f.Kr. |
Dynasty fan Isin | ? | ? | 2017 f.Kr. – 1793 f.Kr. | ? | 1922 f.Kr. – 1698 f.Kr. |
Aldbabyloanyske Ryk | ? | 1950 f.Kr. – 1651 f.Kr. | 1894 f.Kr. – 1595 f.Kr. | 1830 f.Kr. – 1531 f.Kr. | 1798 f.Kr. – 1499 f.Kr. |
regear fan Hammoerabi | 1933 f.Kr. – 1890 f.Kr. | 1848 f.Kr. – 1806 f.Kr. | 1792 f.Kr. – 1750 f.Kr. | 1728 f.Kr. – 1686 f.Kr. | 1696 f.Kr. – 1654 f.Kr. |
regear fan Ammisadûka | ? | 1702 f.Kr. – 1682 f.Kr. | 1646 f.Kr. – 1626 f.Kr. | 1582 f.Kr. – 1562 f.Kr. | 1550 f.Kr. – 1530 f.Kr. |
Fal fan Babylon | 1736 f.Kr. | 1651 f.Kr. | 1595 f.Kr. | 1531 f.Kr. | 1499 f.Kr. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |