Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

In monteedraverij of draverij ûnder de man/frou is in draverij mei hynders ûnder it seal. Yn Nederlân rinne meast hynders dy’t foar de sulky net hurd genôch geane, montee giet meastentiids 1-2 sekonden stadiger. Lang net alle dravers binne geskikt foar de montee. Foar dravers is it lestich om in goede balâns te finen om hurd te draven mei in ruter op de rêch. Yn it earstoan waard der in soad lichtriden, mar der binne geandewei mear ruters dy’t gewoan stean gean op harren hynders sa min mooglik te steuren yn de balâns.

Dravers wurde meast fan trije jier ôf ynriden at se ek traind wurde ûnder seal. At hynders net traind wurde ûnder seal kinne se folle âlder noch ynriden wurde omdat se de draver dan dochs noch yn de monte brûke wolle. Ynride s dan faak makliker omdat de hynder dan al bitwiis binne. Yn Nederlân wurde oars as yn it bûtenlân meast dravers brûkt dy’t net hurd genôch mear kinne foar de sulky. Yn Frankrykis it in folweardch sportûnderdiel. Meastal wurdt yn Nederlân riden mei in minimaal gewicht, bygelyks 65 kilo. At de ruter lichter is wurdt in leadtekken ûnder it seal dien.

De hynders drave mei in knibbelbeskermer. At it hynder syn eigen knibbel rekket, giet er yn galop en wurdt útskeakele. Om it seal komt in dûbele singel sadat it net nei efteren skowe kin. Om de hynders sa min mooglik prikkels krije te litten krije se in earkape op. Op de hoeven komme in soarte rubberen ‘skuontsjes’. Ruters drage in helm. De rêch fan it hynder wurdt ûntlêste en de linen wat koarter mei hannen op de hals om mar safolle mooglik kontakt te hawwen mei de bek fan it hynder. At it kontakt fuort is giet it hynder yn galop.

De bettere hynders krije 20 of 40 m foarsprong. Yn Nederlân wurde gjin autostarts ûnder it seal dien. Odat der net folle monteehynders, wurde de koersen útskreaun op bannestart: dravers draaie rûntsjes tusken oer de baan spande elastiken. Nei de tekst "Reemeitsje ... op jo plakken 1, 2, 3, ôf!" sjitte de elastiken fuort.

By de Jouster Merkedraverij fan Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer wurdt de koartebaanwedstryd hâlden op in gersbaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: