Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Netflix (offisjeel: Netflix, Inc.) is in Amerikaanske streamingtsjinst foar video-on-demand, dy't ek aktyf is as film- en tillefyzjestudio en as distributeur. It bedriuw, dat yn 1997 oprjochte waard, jout abonnees fia it ynternet tagong ta in digitale bibleteek fan films en tillefyzjesearjes dy't wannear't en wêr't men mar wol besjoen wurde kinne. Ek is der ynteraktive ynhâld, lykas fideospultsjes, al is wol ferlet fan 'e ynstallaasje fan spesjale software om dêrfan gebrûk te meitsjen. Sûnt 2010, doe't Netflix him foar it earst útwreide bûten de grinzen fan 'e Feriene Steaten, is it bedriuw útwoeksen ta de bekendste, ynfloedrykske en meast universeel beskikbere streamingtsjinst fan 'e wrâld.

Netflix
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor streamingtsjinst foar
   video-on-demand
haadkertier Los Gatos (Kalifornje)
oprjochte 1997
oprjochter Reed Hastings en
   Marc Randolph
sifers
omset $25 miljard (2020)
winst $2,8 miljard (2020)
wearde $39,3 miljard (2020)
aktyf yn hast hiele wrâld
wurknimmers 12.135 (2021)
offisjele webside
netflix.com

Netflix waard yn 1997 yn Scotts Valley, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, oprjochte troch Reed Hastings en Marc Randolph. Yn 't earstoan lei it bedriuw him ta op 'e ferkeap fan dvd's, mar it ferlei de saken al rillegau nei de ferhier fan dvd's oer de post. Yn 2007 wreide Netflix him foar it earst út nei streaming media oer it ynternet, hoewol't ek doe de postferhier fan dvd's en blu-ray's earst noch it wichtichste wurkmêd bleau.

 
De stand fan Netflix op 'e San Diego Comic-Con fan 2017.

Yn 2010 wreide Netflix syn wurkgebiet foar it earst út oant bûten de Feriene Steaten, troch ek yn Kanada as streamingtsjinst los te gean. Yn 2011 folge in útwreiding dy't Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet derby skuorde, en yn 2012 kaam it bedriuw foar it earst oer nei Jeropa, dêr't úteinset waard mei it Feriene Keninkryk en Ierlân, letter datselde jier folge troch de Skandinavyske lannen. Yn 2013 kaam Netflix beskikber yn Nederlân, en yn 2014 yn Belgje, Lúksemboarch, Dútslân, Frankryk, Switserlân en Eastenryk. Yn 2015 wreide it bedriuw him út nei Súd-Jeropa, it Ibearysk Skiereilân, Australaazje en Japan.

Op 'e Consumer Electronics Show yn Las Vegas kundige Netflix yn jannewaris 2016 oan dat de streamingtsjinst fan it bedriuw no sa goed as wrâldwiid beskikber wie. De wichtichste útsûndering dêrop wie de Folksrepublyk Sina. Yn april 2017 berikte Netflix in oerienkomst mei IQiyi, in Sineeske streamingtsjinst dy't eigendom is fan Baidu, om ûnder lisinsje orizjinele Netflix-ynhâld yn Sina beskikber te meitsjen.

Sûnt 2012 hat Netflix himsels in aktivere rol oanmetten op it mêd fan 'e produksje fan 'e eigen ynhâld. Foartiid fungearre de streamingtsjinst by wize fan sprekken inkeld as in trochjoulûk, mar yn 2013 ferskynde mei de dramasearje House of Cards foar it earst in produksje dy't troch Netflix besteld en finansierd wie. Teffens is it bedriuw sûnt dy tiid aktyf op it mêd fan distribúsje fan 'e eigen produksjes. Netflix is lid fan 'e Amerikaanske Motion Picture Association (MPA), in koepelorganisaasje fan filmstudio's.

 
It haadkantoar fan Netflix yn Los Gatos.

Netflix foarme yn 'e 2010-er jierren it bêst prestearjende oandiel yn 'e wichtige Amerikaanske effektebeursyndeks S&P 500, mei in opbringst fan 3.693%. Yn 2020 hie Netflix in omset fan $25 miljard; datselde jiers wie it bedriuw $39,3 miljard wurdich.

Bedriuwsstruktuer

bewurkje seksje

It haadkertier fan Netflix stiet yn Los Gatos, yn Kalifornje. Der binne ek kantoaren op oare plakken yn 'e Feriene Steaten en fierders yn Kanada, Brazylje, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Yndia, Japan, Nederlân en Súd-Koreä. De iepening fan nije kantoaren yn Sweden, Itaalje (Rome) en Turkije (Istanbul) waard yn april 2021 oankundige.

Foar de produksje fan films en tillefyzjesearjes hat Netflix fasiliteiten yn Los Angeles, Albuquerque (Nij-Meksiko), Vancouver, Toronto, Londen en Madrid. Der is ek in postproduksjefasiliteit yn Bombay. Yn 2021 hie Netflix wrâldwiid 12.135 wurknimmers. It bedriuw hat trije difyzjes: Streaming yn 'e Feriene Steaten, Ynternasjonale Streaming en Dvd's yn 'e Feriene Steaten. Yn dy lêste poat is de ferhier fan dvd's en blu-ray's oer de post ûnderbrocht, it oarspronklike wurkmêd fan Netflix, dat it bedriuw noch altyd fuortset.

Netflix hat ferskate dochterûndernimmings, dy't foar it meastepart de aktiviteiten yn in beskaat lân beheare, lykas Netflix Streaming Services International B.V., de dochterûndernimming dy't yn Nederlân fêstige is. Dêrnjonken is Netflix ek eigner fan:

 
Beskikberens fan Netflix (jannewaris 2016).
     beskikber
     net beskikber

Beskikberens

bewurkje seksje

As streamingtsjinst is Netflix yn hast de hiele wrâld beskikber, útsein:

Yn april 2021 hie Netflix wrâldwiid 208 miljoen abonnees, wêrfan 74 miljoen yn 'e Feriene Steaten en Kanada.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.