Nieuw-Scheemda
Nieuw-Scheemda, earder Scheemderhamrik (Grinslânsk: Scheemterhammerk of Nij-Scheemte) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It leit benoarden Scheemda en Scheemderzwaag, yn it noarden fan de gemeente en yn it hert fan it klaai-Aldamt. It telt neffens gegevens fan it CBS 280 ynwenners (2008). Nieuw-Scheemda en 't Waar foarmje in dûbeldoarp.
Nieuw-Scheemda | ||
Tsjerke fan Nieuw-Scheemda út 1661 | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 345(2023) [1] | |
Oerflak | 21,98 km² wêrfan lân: 21,64 km² wêrfan wetter: 0,34 km² | |
Befolkingsticht. | 16 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 12' N 6° 56' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje fan Nieuw-Scheemda yn de eardere gemeente Scheemda |
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske Nieuw-Scheemda is ûntstien as dykdoarp nei de ynpoldering fan in diel fan de Doalert oan de ein fan de sechtjinde iuw. Oarspronklik waard de nije delsetting oantsjutten as Scheemderhamrik, ofwol de 'mienskiplike boeregrûnen yn it bûtengebiet fan Scheemda'.
De herfoarmde tsjerke fan Nieuw-Scheemda út 1661 hat in tsjerkeoargel út 1698. It jildt as it lytste Arp Schnitger-oargel fan de wrâld en is yn 1802 troch Heinrich Hermann Freytag ferboud.
It kerspel Nieuw-Scheemda hie yn de achttjinde en njoggentjindee iuw fjouwer buertgilden: it Westerse gilde (yn Westeind), it Kerkhorner-, Diepswalster en Waarster gilde. Ta de Kerkhorn waarden ek de buorrentsjes Worsthorn en Molenhorn rekkene, dy't tsjintwurdich ûnder 't Waar falle. Yn Westeind leit it buorrentsje Boneschans, nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in militêre fersterking út de Tachtichjierrige Kriich.
De fermanje út 1840 (mei in foargonger út 1705) is om 1921 hinne ôfbrutsen. De herfoarme evangelisaasjee Eltheto út 1910 waard yn 1947 sletten; it gebou waard yn 2017 sloopt.
Nieuw-Scheemda lei fan 1911 ôf oan de spoorline Súdbroek - Delfsyl, dêr't it doarp in stopplak mei buordoarp 't Waar hie: stopplak Nieuw Scheemda-'t Waar. It stopplak waard yn 1934 sletten en letter is ek de spoarline ôfbrutsen.
Nieuw-Scheemda en 't Waar hiene yn de earste helte fan de tweintichste iuw mear as 1000 ynwenners, mar it befolkingsoantal is neitiids in ein werom rûn. De Iepenbiere Basisskoalle Meester Sportel waard yn 2012 sletten, nei't de iepenbiere skoalle yn 't Waar al yn 1934 sletten waard.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeYn Nieuw-Scheemda stiet it Swieneparradies, in besikerssintrum mei in oersjoch fan alles dat mei bargen te krijen hat. It sintrum organisearret wol eksposysjes fan de resultaten.
Tichteby Nieuw-Scheemda steane trije mûnen; twa grutte poldermoles, De Dellen en de Westerse Molen, en in tsjasker.
Berne yn Nieuw-Scheemda
bewurkje seksje- Jurjen Mellema, 18 septimber 1923, eardere fraksjefoarsitter fan de CHU yn de Twadde Keamer.
- Jaap Klok.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |