Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Janktonai (stamme)

(Trochferwiisd fan Opper-Janktonai)

De Janktonai (Ingelsk: Yanktonai, útspr.: ['jæŋktəni:]; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna, útspr.: [i'hã:ktˣũwãna]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e -Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei ien fan 'e oare seis stammen, te witten de Jankton, foarmje se Westlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.

De Janktonai, wa har namme oft "Doarpke oan 'e Ein" betsjut, falle útinoar yn twa substammen, de Opper-Janktonai (Ingelsk: Upper Yanktonai; Dakota: Pabáksa), en de Neder-Janktonai (Ingelsk: Lower Yanktonai; Dakota: Uŋkpátina). Histoarysk sjoen makken se diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Westlike Dakota der twa hiene, de Eastlike Dakota fjouwer en de Lakota mar ien.

Hjoed de dei libje de Neder-Janktonai yn 'e Feriene Steaten fierhinne gearklofte yn it Crow Creek Yndianereservaat (Crow Creek Indian Reservation) fan Crow Creek Sû Stamme (Crow Creek Sioux Tribe), mei 3.400 leden, yn 'e steat Súd-Dakota. De folle manmachtiger Opper-Janktonai wenje foar in grut part mei Sisseton- en Wahpeton-Dakota, Hûnkpapa-Lakota en Assiniboin yn it Fort Peck Yndianereservaat (Fort Peck Indian Reservation) fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana), en mei Sisseton- en Wahpeton-Dakota yn it Fort Totten Yndianereservaat (Fort Totten Indian Reservation) fan 'e Spirit Lake Stamme (Spirit Lake Tribe) fan Noard-Dakota. Yn Kanada libje fierders noch lytse groepkes Janktonai dy't mei Eastlike Dakota-groepen de Birdtail Sû Earste Naasje (Birdtail Sioux First Nation) yn 'e provinsje Manitoba foarmje.

de Sû (Sioux)
Etnyske groepen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlike Dakota of Santy • Westlike Dakota of Jankton-Janktonai) ● Lakota
Talen
Sû (Sioux): Dakota (Eastlik Dakota • Westlik Dakota) ● Lakota (Noardlik Lakota • Sintraal Lakota • Súdlik Lakota)
Tradisjonele stammen
Eastlike Dakota: Mdewakanton ● Sisseton ● Wahpekûte ● Wahpeton ● Westlike Dakota: Jankton ● Janktonai (Neder-Janktonai • Opper-Janktonai) ● Lakota: Titon (Brulee • Hûnkpapa • Minnikonzjû • Oglala • Sâns Arks • Swartfuotten • Twatsjettels)
Hjoeddeistige stamme-organisaasjes
Feriene Steaten
Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana ● Feriene Sû Stammen (Cheyenne River Sû Stamme • Crow Creek Sû Stamme • Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota • Jankton Sû Stamme • Neder-Brulee Sû Stamme • Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota • Rosebud Sû Stamme • Santy Sû Naasje • Sisseton en Wahpeton Sû Stamme • Spirit Lake Stamme • Standing Rock Sû Stamme) ● Neder-Sû Yndianemienskip ● Opper-Sû Mienskip ● Prairie Island Yndianemienskip ● Shakopee Mdewakanton Dakota Mienskip ● Mendota Mdewakanton Sû Mienskip (net erkend)
Kanada
Birdtail Sû Earste Naasje ● Canupawakpa Dakota Naasje ● Dakota Plains Wahpeton Naasje ● Dakota Tipi Earste Naasje ● Sioux Valley Dakota Naasje ● Standing Buffalo Dakota Naasje ● Wahpeton Dakota Naasje ● White Bear  Earste Naasjes ● Whitecap Dakota/Sû Earste Naasje ● Wood Mountain Lakota Earste Naasje
Reservaten
Feriene Steaten
Cheyenne River ● Crow Creek ● Flandreau ● Fort Peck ● Jankton ● Lake Traverse ● Neder-Brulee ● Neder-Sû ● Opper-Sû ● Pine Ridge ● Prairie Island ● Rosebud ● Santy ● Shakopee ● Spirit Lake ● Standing Rock
Kanada
Birdtail Creek ● Birdtail Hay Lands ● Dakota Plains ● Dakota Tipi ● Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen ● Fishing Station ● Oak Lake 59A ● Oak Lake 59B ● Sioux Valley ● Standing Buffalo ● Wahpeton ● White Bear ● Whitecap ● Wood Mountain
Oar
Grutte Sû Naasje ● Grutte Sû Reservaat ● Lakota Frijheidsdelegaasje ● Nakota ● Republyk Lakota