Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Pears is in kleur dy't de midden hâldt tusken read en blau. It is net hielendal dúdlik wêr't dy beide kleuren ophâlde en pears begjint. In heechdravender synonym foar pears is poarper. Pears komt fierders fierhinne oerien mei fiolet, mei it ferskil dat pears in ekstraspektrale kleur is dy't dus gjin diel útmakket fan it spektrum fan sichtber ljocht en fan 'e kleuresirkel, wylst fiolet in spektrale kleur is mei in eigen weachlingte en frekwinsje. Pears is in sekundêre kleur dy't it produkt is fan 'e ferminging fan read en blau. De haadtint fan pears leit earne tusken fiolet en maginta yn. Kwa tinten rint pears útinoar fan amarantpears, dat hast read is, oant blaufiolet, dat sawat blau is. Behalven mei blau en read bestiet der ek oerlap mei rôze. Pears wurdt assosjearre mei seldsumens, monargen, magy, mystearje en frommens. Yn 'e heraldyk is pears in heraldyske kleur en hat it de namme poarper.

pears
spektrale koördinaten
weachlingte n.f.t. (gjin spektrale kleur)
frekwinsje n.f.t. (gjin spektrale kleur)
kleurkoördinaten
heksadesimaal #800080
RGBª (rgb) (128, 0, 128)
CMYKº (cmyk) (0, 100, 0, 50)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

It wurd 'pears' is in âld lienwurd, dat tebek giet op it Aldfrânske pers. Dat kaam sels wer fan it Latynske wurd persum, dat in "dûnkerblauwe stof" of "stof fan dûnkerblauwe kleur" betsjutte.

 
In Byzantynsk mozayk fan keizer Justinianus I, klaaid yn poarper.

Assosjaasjes

bewurkje seksje

Gefoelswearde

bewurkje seksje

Neffens opinypeilings yn Jeropa en Noard-Amearika wurdt pears almeast assosjearre mei seldsumens, monargen (keningen en keizers), magy, mystearje en frommens. Oare assosjaasjes binne mei hertstocht, ynventiviteit, ynspiraasje en spiritualiteit. Yn kombinaasje mei rôze wurdt pears ferbûn mei erotyk, froulikheid en ferlieding. Yn 'e Westerske wrâld wurdt pears ek assosjearre mei idelheid, dekadinsje, yndividualiteit, keunstmjittigens en dûbelsinnichheid. Yn Sina stiet pears symboal foar spiritueel bewustwêzen, lichaamlike en geastlike genêzing, krêft en oerfloed. In readige tint pears stiet foar lok en ferneamdheid. Yn Japan is pears de kleur fan privileezje en rykdom, dy't ek assosjearre wurdt mei de aristokrasy.

 
Tinten pears.
 
Tinten fiolet.

Al yn 'e fyftjinde iuw f.Kr. waard yn Tyrus en Sidon, twa stêden oan 'e kust fan Fenysje, (pearskleurige) poarperferve produsearre. Dy waard makke fan 'e poarperslak (Bolinus brandaris), in soarte seeslak dy't troch de iuwen hinne hast útrûge waard foar de poarperwinning. It meitsjen fan poarperferve wie in lang, dreech en dêrtroch djoer proses. Tûzenen fan 'e lytse slakken moasten byinoar socht wurde. Dan waarden de slakkehúskes stikkenmakke en de slakken derút helle. De slakken waarden weakke, wêrnei't der in petiterige klier út elts fan harren snien waard. It sop waard dêrút knypt en yn in skaal dien, dy't yn it sinneljocht pleatst waard. Troch de beskining fan 'e sinne waard it sop earst wyt, en ferkleure dan fia gielgrien, grien en fiolet ta read, dat almar dûnkerder waard. It proses moast krekt op it juste stuit stoppe wurde, as it reade slakkesop in pearzige kleur oannommen hie. It resultearjende sop wie in kleurstof dy't oan wol, linnen en side in rike, felle en duorjende kleur joech dy't doe noch algemien poarper neamd waard.

Yn dy foarm waard pears de kleur fan magistraten, preesters, eallju en keningen. It waard neamd yn 'e Ilias en de Odyssee fan Homearus, yn 'e gedichten fan Sapfo, yn it bibelboek Exodus en yn 'e wurken fan Aiskulos en Fergilius. It waard droegen troch Aleksander de Grutte, de keningen fan it Seleusidyske Ryk en de farao's fan it Ptolemeyske Egypte. Letter droegen de Etrusken poarperkleurige toga's, in gebrûk dat oernommen waard troch de Romeinen. De Romeinske toga praetexta wie in wite toga mei in brede poarperne streek by de seame lâns. Sa'n kleanstik waard droegen troch beskate magistraten en preesters en inkele oare kategoryen Romeinske boargers. De toga picta wie hielendal poarperkleurich, mei goudtriedden borduersel. Dat kleanstik waard yn 'e tiid fan 'e Romeinske Republyk droegen troch generaals dy't in oerwinning behelle hiene en troch de praetor urbanus as dy yn 'e striidwein fan 'e goaden ried by de Ludi Apollinares (de 'Spullen fan Apollo'). Yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk waard de toga picto droegen troch de konsuls, troch magistraten by iepenbiere gladiatoaryske spullen en by bysûndere gelegenheden troch de keizer.

Nei de ynfiering fan it kristendom waard it gebrûk fan poarper as in keizerlike kleur fuortset yn it Byzantynske Ryk. Yn West-Jeropa droech Karel de Grutte yn 800, by syn kroaning ta kening fan it Frankyske Ryk, in poarperen mantel, en yn 814 waard er begroeven yn in lykklaad fan deselde kleur. Nei't it Byzantynske Ryk yn 'e fyftjinde iuw ûnder fuotten helle waard troch de Osmaanske Turken, ferlear poarper lykwols syn keizerlike status. De grutte poarperfervewurken waarden dêrby ferneatige, en neitiid waard poarper as kleur fan keningen en keizers stadichoan ferkrongen troch skarlekken, in tint fan read.

 
Sinne-ûndergong yn Alaska. Troch it ferskynsel Rayleigh-ferstruiïng lykje de bergen yn 'e fierte pears.

Reade druven, auberzjines, prommen en in protte blommen hawwe in pearse kleur troch de oanwêzigens fan natuerlike pigminten dy't antosyaninen hjitte. Sokke pigminten kinne net inkeld oantroffen wurde yn 'e blommen en fruchten, mar ek yn 'e blêden, stâlen en woartels fan planten. Se ûnderstypje de fotosynteze troch it blokkearjen fan skealike weachlingten ljocht dy't oars de planten skansearje soene. Yn blommen helpe antosyaninen ek om ynsekten oan te lûken foar de bestowing. Net alle antosyaninen binne pears; se komme ek foar yn blau, read, rôze, grien en giel, ôfhinklik fan harren pH-wearde.

Wat grutter de ôfstân tusken in taskôger en bergen dy't yn 'e fierte sichtber binne, wat pearzer oft dy bergen derút sjen sille, benammen moarns ier en jûns let. Dat is in ferskynsel dat Leonardo da Vinci yn 'e fyftjinde iuw al opmurk. It hjit loftperspektyf en is in foarm fan it natuerkundige fenomeen Rayleigh-ferstruiïng. De blauwich pearze kleur wurdt feroarsake trochdat guon kleuren út 'e sinnestriel wei ferstruid wurde troch luchtdieltsjes. Trochdat ljocht fan koartere weachlingten (blau) gefoeliger is foar ferstruiïng as ljocht fan langere weachlingten (read), heapet blauwich ljocht him yn 'e atmosfear mear op as readich ljocht. It gefolch is dat dingen oer grutte ôfstannen al gau in blauwich oansjen krije. Moarns ier en jûns let giet it sinneljocht fia in legere hoeke troch de atmosfear en reizget dêrtroch langer troch mear lucht. In grut diel fan it griene en blauwe ljocht wurdt dan ferstruid, sadat mear read ljocht oerbliuwt om dingen yn 'e fierte beljochtsjen. Yn kombinaasje mei it blau dat men oer gruttere ôfstannen sjocht, makket dat dat de bergen der pears útsjogge.

 
Keizerinne Katerina de Grutte fan Ruslân, klaaid yn pears (skildere troch Fjodor Rokotov).

Seksualiteit

bewurkje seksje

Pears wurdt soms assosjearre mei homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen, hoewol't foar dy hiele mienskip rôze eins mear de symboalkleur is. Spesifyk foar biseksuëlen is pears lykwols al in symboal, mei't de biseksualiteitsflagge de kleuren rôze en blau kombinearret, dy't tegearre pears meitsje.

Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is pears de liturgyske kleur fan 'e boetedwaning, dy't brûkt wurdt foar de Advint (de oanrin fan Kryst) en de Fêsteltiid (de oanrin fan Peaske). Tsjintwurdich wurdt it ek wol as liturgyske kleur brûkt foar begraffenissen. Pears symbolisearret fierders de deadssûnde idelheid.

Yn 'e iere Roomske Tsjerke droegen alle hege geastliken poarperne kladen. Doe't nei de Fal fan Konstantinopel, yn 1453, poarperferve net mear foarhâns wie, besleat paus Paulus II yn 1464 dat kardinalen tenei skarlekkene kladen drage soene, wylst aartsbiskoppen en biskoppen de kleur poarper tawiisd krigen. Dat wie fan dy tiid ôf lykwols net mear it rike Tyrysk poarper fan foarhinne, mar in folle goedkeapere ferzje wêrby't de stof earst blau ferve waard mei indigo, om dêrnei nochris read ferve te wurden mei kermes.

Yn 'e Nederlânske polityk betsjut 'pears' in koälysje fan sosjalisten (PvdA) en liberalen (VVD). Nederlân waard fan 1994 oant 2002 troch pearze kabinetten regearre, dy't laat waarden troch premier Wim Kok. Fan dy kabinetten makke ek it links-liberale D66 diel út, hoewol't de kleur fan dy partij, dûnkerpastelgrien, neat oan 'e beneaming 'pears' tafoege.

Yn Belgje wie 'pears' fan 1999 oant 2007 oan 'e macht, ûnder lieding fan premier Guy Verhofstadt. Yn 't earstoan waard dy koälysje ek wol omskreaun as 'pears-grien', om't fan 1999 oant 2003 ek de griene partijen Agalev en Ecolo der diel fan útmakken.

Yn 'e polityk fan 'e Feriene Steaten wurdt wol sprutsen fan in 'pearze steat' as in swingsteat bedoeld wurdt. Dat is in Amerikaanske steat dêr't de Republikeinske Partij (mei as partijkleur read) en de Demokratyske Partij (mei as partijkleur blau) inoar op it mêd fan oanhing yn lykwicht hâlde.

De wichtichste tinten pears binne: amarantpears, auberzjine, blaufiolet, blauwerein, drúf, dûnkerfiolet, dûnkermaginta, elektrysk fiolet, elektrysk indigo, elektrysk pears, emininsje, fandango, feronika, fiolet, Frânsk fiolet, Frânsk mauve, hjerstsering, Japansk fiolet, keninklik poarper, lavindel, lila, magintadize, magintaferve, Mardi Gras, mauve, moerbei, Mountbattenrôze, NWU-pears, orgidee, paladynpears, poarpureus, prom, pronk-en-preal, readfiolet, rôzelavindel, schwungpears, stielrôze en Tyrysk pears.

Kleurnûanses

bewurkje seksje

Fan maginta nei fiolet fia heldere kleuren pears:

FF00FF
 
EE00FF
 
CC00FF
 
AA00FF
 
8800FF
 
6600FF
 

Fan maginta yn belúnjende yntinsiteit nei pears:

FF00FF
 
DD00DD
 
BB00BB
 
990099
 
770077
 

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.