Rutgers van Rozenburg
De famylje Rutgers van Rozenburg is in aadlik laach dat nei de fal fan Antwerpen nei Nedelân ferhuze. De jonkhearen Rutgers van Rozenburg wienen de eardere eigeners fan de Naardermar. Mar sjoch hjirfoar ek: Natoermonuminten.
Uterts Studinten Corps
bewurkje seksjeIt bekendste famyljelid is sûnder mis David Rutgers van Rozenburg. Troch syn dea kaam nammentlik it Utrechtsch Studenten Corps yn 1965 in opspraak, doe't hy by de ûntgriening yn it aadlik dispút Tres om it libben kaam. De studint, jonkhear David Rutgers van Rozenburg (Zeist, 21 desimber 1944 - Utert 10 april 1965 ), krige in ruotkape opsetten, wêrnei't hy smoarde. De lankmoedige wize wêrop dizze affêre troch justysje behanne waard stie yn skerp kontrast mei de felle reaksje fan justysje op ludike aksjes fan Provo, en late ta beskuldigingen fan klassenjustysje.
Nei de affêre sette it USC de grientiid om in kennismakkingstiid. It tradisjonele kaalskearen waard ôfskaft en oan de slimste útwaaksen waard in ein makke. Oer de ruotkaep-affêre waard yn 1998 in NPS-dokumintêre útstjoerd.