Ryks-HBS (Ljouwert)
De Ryks-HBS yn Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Rijks-HBS), letter de Ryks Skoallemienskip (RSG), wie in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn 'e Fryske haadstêd. Dizze skoalle wie mear as in iuw lang in wier ynstitút yn Fryslân, dêr't û.m. Simon Vestdijk, J.J. Slauerhoff en Piter Jelles Troelstra ûnderrjocht genoaten. De Ryks-HBS wie fêstige yn in monumintaal gebou oan it Saailân, dat no net mear bestiet. Uteinlik gie de skoalle yn 1990 by in fúzje op yn it Slauerhoff Kolleezje.
Ryks-HBS (Ljouwert) | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Ryks Skoallemienskip | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | skoalle | |
wurkmêd | middelber ûnderwiis | |
fêstige yn | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 1867 | |
opdoekt | 1990 | |
offisjele webside | ||
derijks150.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Ryks-HBS fan Ljouwert ûntstie, krekt as alle HBS'en, nei de ynfiering fan 'e Wet op it Middelber Underwiis fan Johan Thorbecke yn 1863. It hie de bedoeling west dat de skoalle yn 1864 al iepengean soe, mar troch alderhanne strideraasjes duorre it trije jier ekstra. Uteinlik iepene de skoalle yn septimber 1867 foar it earst syn doarren. Der wiene doe tsien oant fyftjin dosinten. De Ljouwerter Ryks-HBS wie fêstige yn in ymposant gebou mei grutte finsters, dat oan 'e súdkant fan it Saailân stie en ûntwurpen wie troch de Ljouwerter stedsarsjitekt Thomas Romein.
Der hiene har it earste jiers 58 learlingen oanmelden, wêrfan't 17 troch de strange talittingseasken fan 'e skoalle ôffoelen. Fan 'e rest waarden de measten in klasse leger yndield as se ferwachte hiene fanwegen harren minne behearsking fan it Frânsk. De learlingen giene seis dagen yn 'e wike nei skoalle: moarns fan 8.00 oere oant 12.00 oere en middeis fan 14.00 oere oant 16.00 oere. Winterdeis skoden dy tiden allegear in heal oere op. Woansdeitemiddei en sneontemiddei wiene de learlingen frij, of it moast wêze dat der in praktikum fan skiekunde of natuerkunde jûn waard. By de skoaltiden kaam noch twa en in heal oere oan húswurk deis (hoewol't der nei't it skynt fan it begjin ôf oan klage waard dat it folle langer yn beslach naam). Rapportsifers waarden takend op in skaal fan 1 oant 6, wêrby't in 1 jûn waard foar treflik wurk en in 6 foar wurk dat folslein ûnder de mjitte wie.
Oarspronklik wie de Ryks-HBS fan Ljouwert, krekt as alle Ryks-HBS'en, in skoalle dêr't inkeld jonges wolkom wiene. Meitiid ûntjoech him de tradysje dat nije learlingen yn 'e earste klasse, dy't ferplichte in koarte broek drage moasten, troch de âlderejiers by wize fan ûntgriening sûnder pardon ûnder de pomp by it gebou set waarden. Pas yn 1890 waard Alida Huizinga der as earste famke talitten, net as learlinge, mar as "taharkster". De earste froulike learlingen wiene Geertje Konter en Mintje Hoekstra yn 1895. De skoalle hie gjin eigen gymnastykseal, dat wat dat oanbelange, moasten de learlingen har behelpe yn romtes op alderhanne oare lokaasjes yn 'e stêd. By 'gymnastyk' gie it trouwens net inkeld om lichaamlike oefening: foar (manlike) learlingen fan 17 jier ôf wie it ek mooglik om oan 'wapenhannel' te dwaan. Dat betsjutte yn dy tiid it learen om te gean mei in gewear. De ryksoerheid hie dêrfoar 50 gewearen oan 'e skoalle beskikber steld.
De Ljouwerter Ryks-HBS lei op in goede namme; yn 1917, by it fyftichjierrich bestean, omskreau kommissaris fan 'e keninginne Pieter Albert Vincent baron van Harinxma thoe Slooten it ynstitút as "it yntellektueel mulpunt fan it provinsjaal libben." Bekende persoanen dy't der nei skoalle giene, wiene û.m. de skriuwers Simon Vestdijk en J.J. Slauerhoff, keunstskilder Piet van der Hem, arsjitekt Abe Bonnema, politikus en dichter Piter Jelles Troelstra en anargist Alexander Cohen. Dy lêste waard fan skoalle wâde om't er 'fize' wurden mei de Frânske oersetting derby op it skoalboerd skreaun hie. Datselde lot trof Troelstra ek hast, doe't de dosinten ûntdieken dat er in skoalkrante, De Mercurius, skreau dêr't spottende sketsen fan harren yn ferskynden. Perfester Combertus Burger, de earste direkteur fan 'e Ryks-HBS, hold him doe de hân boppe de holle. Vestdijk soe de skoalle letter figurearje litte yn ferskaten fan syn romans, wêrby't de dúdlikste beskriuwing fan 'e Ljouwerter Ryks-HBS te finen is yn syn boek Een Andere School, út 1949.
Nei de ynfiering fan 'e Mammoetwet, yn 1968, waard de Ryks-HBS omneamd ta Ryks Skoallemienskip (RSG). Yn 'e 1970-er jierren wie it gebou oan it Saailân ûnderwilens fiersten te lyts wurden. Oan 'e efterkant wie in needgebou delset dêr't fjouwer ekstra lokalen fêstige wiene, en dêr wer efter, oan 'e Willemskade, leine twa aken dêr't elk noch twa lokalen yn makke wiene. Nettsjinsteande dat moasten de learlingen foar it fak hanne-arbeid nei in hiel oar gebou ta, en de sportfjilden fan 'e RSG leine noch folle fierder fuort. Om't it âlde gebou ek te djoer yn ûnderhâld wie, waard úteinlik yn 'e 1980-er jierren besletten ta nijbou. It ûntwerp dêrfoar kaam fan âld-learling Abe Bonnema, en om foar kontinuïteit te soargjen waard in nije lokaasje útsocht oan 'e Douwe Kalmaleane, dêr't boud wurde koe wylst de lessen yn it âlde gebou ûnderwilens gewoan trochgiene. De bou sette yn 1984 útein en waard yn 1987 foltôge. Doe koe der út it âlde gebou oan it Saailân ferhuze wurde, dat dêrnei ôfbrutsen waard. Neitiid fúzjearre de RSG yn 1990 mei ferskate oare skoallen yn en bûten Ljouwert ta it Slauerhoff Kolleezje,[1] dat nei ferskillende oare fúzjes anno 2018 diel útmakket fan Skoallemienskip Piter Jelles.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|