Salzburg (dielsteat)
Salzburg is in Eastenrykske dielsteat. De dielsteat grinzget oan de dielsteat Tiroal yn it westen en suden, Opper-Eastenryk yn it noardeasten, Stiermarken yn it easten, Karinsje yn it súdeasten en East-Tiroal yn it suden. Yn it súdwesten dielt Salzburg de bûtegrins mei Itaalje (Súd-Tiroal) en yn it noardwesten mei Dútslân (Beieren). Haadstêd is Salzburg.
Salzburg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje | |
Geografy | |
Soarte gebiet | dielsteat (Bundesland) |
Lân | Eastenryk |
Haadstêd | Salzburg |
Oerflak | 7.154,56 km² |
Befolking | |
Ynwennertal | 558.410 (2020) |
Befolkingstichtens | 78 / km² |
Bûtenlanners | 17,7 (2020) |
Polityk | |
Landeshauptmann | Wilfried Haslauer (ÖVP) |
Regearjende partijen | ÖVP, Grüne, NEOS |
Ferdieling sitten yn dielsteatsparlemint (Landtag, 36 sitten) |
ÖVP: 15 fan 36 SPÖ: 8 fan 36 FPÖ: 7 fan 36 Grüne: 3 fan 36 NEOS: 3 fan 36 |
Lêste ferkiezings | 22 april 2018 |
Folgjende ferkiezings | 2023 |
Sitten yn Federale Ried | 4 |
Oar | |
Folksliet | Land uns’rer Väter |
ISO 3166-2 | AT-5 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | www.salzburg.gv.at |
Skiednis
bewurkje seksjeDe bewenning fan it gebiet giet werom op de jonge stientiid. Fan de Kelten stamt de âldste namme fan de stêd: Iuvavum. Under de Romeinen wie Iuvavym in bestjoersdistrikt yn de provinsje Noricum. Sûnt Beieren yn de 6e iuw it gebiet oermastere foarme it ûnderdiel fan it hartochdom Beieren.
Troch de stifting (of fernijing) fan it stift St. Peter yn 696 en de bou fan in nonnenkleaster op de Nonnberg yn 713 op de ruïnes fan it Romeinske Iuvavum lei de hillige Rupert de basis foar it bisdom, dat yn 798 it aartsbisdom Salzburg en dêrmei it sintrum fan de Beierske tsjerkeprovinsje waard.
Likernôch fjouwer iuwen letter slagge aartsbiskop Eberhard II der yn om fan 1200 oant 1246 fan ferskillende provinsjes en jurisdiksjes in unitêre politike entiteit op te bouwen. De erkenning fan de grinzen troch de Beierske hartoch Hindrik XIII wie de earste stap om Salzburg ûnôfhinklik te meitsjen fan it oangrinzgjende hartochdom, ek al foel Salzburg doe noch ûnder Beiersk bewâld. Yn 1328 krige Salzburg mei de ynfiering fan in eigen regionale oarder foar in grut diel selsbestjoer yn it Hillige Roomske Ryk. As aartsbisdom funksjonearre Salzburg as buffersteat tusken Beieren en de Habsburgske lannen.
Yn de 15e en 16e iuw wie net allinne de sâlthannel fan grut ekonomysk belang, mar ek it sykjen nei goud yn de deltes fan Rauris en Gastein. De goudopbringsten wiene foar in koart skoft de grutste yn Sintraal-Europa en de rykdom fan Salzburg naam ta, mar dêrmei ek de sosjale spannings tusken rike boargers en aristokraten en de earme plattelânsbefolking. De spannings lieden mei in autokratyske machtsoername troch de prinsbiskoppen yn 1462-1463 en 1525 ta opskuor. De boereopstannen setten útein yn de berchgebieten en krigen mei it oantsjinjen fan de reformaasje in religieuze ûndertoan, dat liede ta ferskillende weagen fan massale ferballing fan protestanten. De grutste weach fûn plak ûnder prinsbiskop Leopold Anton von Firmian, dy't yn de jierren 1731-1732 likernôch 20.000 protestanten it lân útsette.
Yn 1805 waard Salzburg as in sekularisearre karfoarstendom by it Eastenrykske Ryk foege. Nei in koart skoftke ûnder Beiersk bestjoer fanôf 1810, doe't de regio Salzachkreis hiet, waard it gebiet yn 1816 neffens de útkomsten fan it Kongres fan Wenen wer by Eastenryk foege. Oant 1850 wie it Salzburger Land in diel fan it aartshartochdom Eastenryk boppe de Enns (Opper-Eastenryk), wylst oare gebieten yn it westen Beiersk bleaune. Nei't Salburg yn 1850 in unôfhinklik Eastenryksk kroanlân waard, kaam tsien jier letter it earste Salzburger parlemint (Landtag) foar it earst by inoar.
Nei de ûntbining fan de Eastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy yn 1918 waard Salzburg opnommen yn Dútsk Eastenryk en it jier dêrop yn de nije Republyk Eastenryk.
Yn de tiid fan de nasjonaalsosjalistyske diktatuer wie Salzburg njonken Karinsje de ienige Eastenrykske steat dy yn de âlde grinzen bestean bleau as de Reichsgau Salzburg. Nei de kriich foel Salzburg tegearre mei Opper-Eastenryk súdlik fan de Donau en in diel fan Wenen yn de Amerikaanske besettingssône foar't Eastenryk de soevereiniteit as ûnôfhinklike republyk werom krige.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe dielsteat is yn fiif politike distrikten en in saneamde Statutarstadt (Salzburg) ferdield. De distrikten wurde lykas wenst yn Salzburg noch jimmeroan mei gau oantsjut.
Kentekenletter(s) | Distrikt | Gau | Oerflak in km² |
Tal ynwenners (2020) |
---|---|---|---|---|
S | Salzburg[1] | Landeshauptstadt | 65,65 | 155.021 |
HA | Hallein | Tennengau | 668,35 | 60.824 |
SL | Salzburg-Omjouwing | Flachgau | 1004,47 | 153.492 |
JO | St. Johann im Pongau | Pongau | 1755,37 | 81.194 |
TA | Tamsweg | Lungau | 1019,65 | 20.251 |
ZE | Zell am See | Pinzgau | 2641,07 | 87.628 |
Gemeenten mei stedsrjochten
bewurkje seksjeYn de dielsteat Salzburg binne alve plakken mei stedsrjochten. It distrikt Lungau hat gjin stêden.
Stêd | Kentekenletter(s) | Tal ynwenners (2020) |
---|---|---|
Salzburg | S | 155.021 |
Hallein | HA | 21.314 |
Saalfelden am Steinernen Meer | ZE | 16.705 |
St. Johann im Pongau | JO | 11.235 |
Seekirchen am Wallersee | SL | 10.951 |
Bischofshofen | JO | 10.580 |
Zell am See | ZE | 9.879 |
Neumarkt am Wallersee | SL | 6.402 |
Oberndorf bei Salzburg | SL | 5.804 |
Mittersill | ZE | 5.490 |
Radstadt | JO | 4.876 |
Befolking
bewurkje seksjeBefolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1869 | 1890 | 1910 | 1934 | 1951 | 1961 | 1971 | 1981 | 1991 | 2011 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 153.159 | 173.510 | 214.737 | 245.801 | 327.232 | 347.292 | 405.115 | 442.301 | 482.365 | 531.721 | 552.579 |
Religy
bewurkje seksjeNeffens sifers út 2018 foarmet de Roomsk-Katolike Tsjerke mei 61,2% de grutste tsjerklike mienskip yn de dielsteat. Nochris 2,9% fan de befolking hinget it protestantisme oan en it persintaazje otterdoksen waard op 3,7% rûsd. Net-kristlike mienskippen foarmje de moslims mei 5,6% en de joaden mei 0,01%.
Oer de gearstalling fan de rest fan de befolking binne gjin aktuele sifers. By in folkstelling yn 2001 joech 3,9% in oare leauwe op, 9,6% sei him- of harsels net ta in leauwe te rekkenjen en 3,1% joech gjin ynformaasje.
Tradysjes
bewurkje seksjeNjonken de kristlike tradysjes kent de dielsteat noch in tal foar de streek karakteristike tradysjes. Guon dêrfan wurde tsjintwurdich lykwols allinne noch lokaal fierd. Yn desimber komt lykas yn ús kontrijen Sint-Nikolaas. Ynstee fan Swarte Piten wurdt de hillige begelaat fan Krampus. Yn gruttere plakken binne der optochten, wêrby't de Krampus it oarspronklike uterlik somtiden ynwiksele hat en as fantasyfiguer út de filmyndustry meirint. Yn it Gasteinertal wurdt de tradysje lykwols goed fêstholden en op 5 en 6 desimber rint Sinterklaas dêr mei in ingel mei snobbersguod en echte krampusfigueren by de hûzen del.
Tusken Kryst en Trijekeningen komme de saneamde Glöckler en Perchten, dy't yn optocht de kweade wintergeasten útdriuwe om plak te meitsjen foar it nije jier. Bekend is û.o. de Pongauer Perchtenoptocht.
Yn de simmer wurde yn Zederhaus en Muhr op 24 juny en 29 juny metershege mei blommen fersierde houten peallen yn in prosesje troch it doarp droegen. De tradysje giet werom op in sprinkhoannepleach út 1693, dy't it hiele lân kealfriet.
Simmerdeis binne der ek de Simsonoptochten, optochten mei gigantyske reuzen dy't fral yn de geografyske regio Lungau (distrikt Tamsweg) yn eare holden wurde. De Simsonoptochten fan Lungau binne yn 2010 opnommen yn de List Immaterjeel Kultuererfgoed yn Eastenryk.
Op Rupertikirtag (24 septimber), de feestdei fan de hillige Rupert, binne de pleinen om de dom fan Salzburg ôfset foar de fiering fan in fiif dagen lang folksfeest. Rupertikirtag is ien fan de tradysjerykste folksfeesten fan Eastenryk en wurdt alle jierren troch mear dan 100.000 minsken besocht.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|
Dielsteaten fan Eastenryk | ||
---|---|---|
Burgenland • Karinsje • Neder-Eastenryk • Opper-Eastenryk • Salzburg • Stiermarken • Tiroal • Vorarlberg • Wenen | ||
· · |