San Bernardino (Kalifornje)
San Bernardino is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn it woastinige binnenlân fan 'e regio Súdlik Kalifornje. It is it haadplak fan it omlizzende San Bernardino County, en hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 likernôch 210.000 ynwenners. Dêrmei is it de grutste stêd fan San Bernardino County en de santjinde stêd fan Kalifornje, wylst it op 'e ranglist fan grutste stêden fan 'e Feriene Steaten in 99ste plak ynnimt. Mei Riverside en lytsere foarstêden foarmet it in stêdekloft dy't yn 2010 krapoan 4.225.000 ynwenners hie, en dy't ek wol bekendstiet ûnder de namme the Inland Empire ("it Binnenlânske Ryk"). San Bernardino-Riverside heart wer ta de agglomeraasje fan Grut-Los Angeles, dy't in befolking fan 18 miljoen minsken telt. San Bernardino is de earmste grutte stêd yn Kalifornje, en de op ien nei earmste (nei Detroit) yn 'e Feriene Steaten. Yn july 2012 stapte it stedsbestjoer nei de rjochter om it bankrot oan te freegjen.
San Bernardino | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | San Bernardino County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 209.924 (2010) | |
Oerflak | 154,5 km² (ynkl. wetter) 153,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.400 / km² | |
Stêdekloft | 4.224.851 (2010) | |
Hichte | 321 m | |
Oar | ||
Stifting | 1810 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 34°06′00″N 117°18′00″W | |
Offisjele webside | ||
sbcity.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan San Bernardino yn San Bernardino County en yn 'e steat Kalifornje. |
Skiednis
bewurkje seksjeSan Bernardino waard yn 1810 stifte, doe't Kalifornje noch ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje (it tsjintwurdige Meksiko) hearde, en it waard ferneamd nei de roomske hillige Bernardinus fan Siena. It bleau lykwols in tige lytse delsetting oant Meksiko, dat yn 1821 ûnôfhinklik wurden wie fan Spanje, Kalifornje oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1848, oan 'e Feriene Steaten ôfstean moast. De earste Amerikaanske kolonisten dy't har der fêstigen wiene leden fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen (oftewol mormoanen), dy't besochten in korridôr fan delsettings fan harren kearngebiet yn Utah nei de kust fan 'e Stille Oseaan te stiftsjen. Yn 1857 waarden se lykwols troch harren profeet Brigham Young weromroppen nei Utah fanwegen de saneamde Lytse Boargeroarloch tusken de mormoanen en de Amerikaanske oerheid.
San Bernardino krige datselde jiers, yn 1857, offisjeel de status fan stêd, en ûntjoech him al rillegau ta in wichtich hannelsplak yn súdlik Kalifornje. Oer de kâlde boarnen dy't yn 'e neite fan it stedsje, deunby in pylkfoarmige rotsformaasje bestiene, giene alderhanne wylde ferhalen. De Yndianen leauden dat se in jefte fan 'e goaden wiene, en in David Noble Smith bewearde dat er yn in fizioen fan in ingel of hillige de opdracht krigen hie om 'e lju opmerksum te meitsjen op 'e genêzende krêften fan it wetter. Sadwaande kaam de earste toeristyske yndustry yn San Bernardino op gong, mei hotels foar de baaigasten en in bottelderij dy't it wetter ferkocht ûnder it noch altyd besteande merk Arrowhead Water.
De oarspronklike bewenners fan 'e krite wiene de Serrano-Yndianen, in namme dy't har jûn wie troch de Spanjerts, en dy't "heechlânbewenners" betsjut. Sels neamden se har Yuhaviatam, it "folk fan 'e pynbeammen". Doe't oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch de kolonisaasje fan 'e krite serieus begûn, rûnen dy Yndianen de kolonisten mar foar de fuotten, dat yn 1866 fierde de steatsmilysje fan Kalifornje yn it gebiet om San Bernardino hinne in 32 dagen duorjende útrûgingskampanje, wêrby't alle Serrano dy't men te pakken krije koe, manlju, froulju en bern, koelbloedich fermoarde waarden. Foar de restpopulaasje waard yn 1891 troch de Amerikaanske federale oerheid in reservaat ynrjochte.
De oanlis fan it spoar fan 'e California Southern Railroad by San Bernardino lâns, yn 1883, foarme in sterke ympuls foar de pleatslike ekonomy. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de Loftmachtbasis Norton by de stêd oanlein. Yn 1994 sleat dy, en doe waard it fleanfjild omfoarme ta it San Bernardino International Airport. Yn 1940 begûnen de bruorren Richard en Maurice McDonald, twa pleatslike ûndernimmers, in restaurant yn San Bernardino; dat wie it earste filiaal fan wat no de multinational McDonald's is.
San Bernardino hat gauris slim te lijen fan 'e boskbrannen dy't yn súdlik Kalifornje simmerdeis skearing en ynslach binne. Yn 1980 giene der 284 huzen ferlern by de Panoramabrân, en yn oktober 2003 waarden der mear as 1.000 wenten yn 'e jiske lein troch de Aldbrân. San Bernardino wûn oan it begjin fan 'e jierren tachtich de priis foar All-America City, mar neitiid rekke it mei de stêd alhiel yn it neigean, en yn 2012 moast it stedsbestjoer San Bernardino sels fajyt ferklearje litte. Pas koartby begjint de stêd nei trije slimme resesjes efterinoar wer wat by de wâl op te klauwen. Op 2 desimber 2015 kamen 14 minsken om en rekken 18 lju ferwûne doe't twa swierbewapene dieders it fjoer iepenen op 'e oanwêzigen by in bedriuwsfeest yn it Inland Regional Center, in soarchssintrum yn San Bernardino.
San Bernardino hjoed de dei
bewurkje seksjeDe ekonomy fan San Bernardino wurdt hjoed de dei behearske troch de tsjinstesektor (oerheidstsjinsten en ûnderwiis ynbegrepen) en de detailhannel. De grutste wurkjouwer is de oerheid, mei krapoan 20.000 banen (sifers fan 2004). Fierders wiene doe 16.000 minsken wurksum yn 'e detailhannel en 13.200 yn it ûnderwiis. De grutste wurkjouwer yn dy lêste sektor is de Kalifornyske Steatsuniversiteit, San Bernardino (CSUSB), dat ek fierwei de grutste en wichtichste universiteit fan 'e stêd is. Op it mêd fan besjensweardichheden moat fral it Robert V. Fullerton Museum of Art neamd wurde (sitewearre op 'e kampus fan 'e CSUSB), dat behalven in kolleksje keunst ek oer âlde Egyptyske en Sineeske foarwerpen beskikt.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan San Bernardino 7,9% âlder as 65 jier en 32% jonger as 18 jier. Fierders bestie 25,9% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 59% Latino's; 20% blanken; 15% swarten; 4% Aziaten; 1,3% Yndianen; 0,7% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Persoanen berne yn San Bernardino
bewurkje seksje- Gene Hackman (1930), akteur
- W. Richard West jr. (1943), abbekaat en museumdirekteur
- Poison Ivy (1953), gitariste en muzykprodusinte
- Anna Escobedo Cabral (1959), politikus en 42e tesaurier fan 'e Feriene Steaten
- Derek Parra (1970), reedrider en skeelerder
- Shailene Woodley (1991), aktrise en filmprodusinte
Klimaat
bewurkje seksjeSan Bernardino hat in wat koelere ferzje fan it Mediterrane klimaat dat oan 'e Súdkalifornyske kust hearsket, mei hjitte drûge simmers en koele oant frisse winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 36,3 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 19,5 °C. Likegoed is nachtfroast winterdeis hiel normaal. De heechste temperatuer dy't ea yn San Bernardino metten is, wie 47,2 °C yn 1972. De stêd kriget jiers trochinoar 406,8 mm delslach. Winterdeis kin der fan en ta nachts in licht laachje snie falle.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|