Spaanske autonome mienskippen
(Trochferwiisd fan Spaanske regio's)
Spanje is ûnderferdield yn 17 autonome mienskippen (Spaansk: comunidades autónomas). De autonome mienskippen binne fierder ûnderferparte yn provinsjes.
Sûnt 1978, doe't de Spaanske grûnwet wizige waard, hawwe alle Spaanske regio's in eigen regear en parlemint mei grutte wetjouwende- en útfierende macht ta harren foldwaan. Ta dizze fiergeande desintralisaasje waard keazen út eangst foar opkommend seperatisme. Yn 1995 krigen ek de twa Spaanske enklaves yn Afrika, Seuta en Melilla, autonomy.