Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

In teokrasy is in steatsfoarm wêryn't in godheid as gesachsdrager beskôge wurdt. It wurd komt fan de Grykske wurden θεός (theos), “god” en κρατία (kratia), “macht, krêft” en betsjut “hearskippij fan god”. By guon godstsjinsten waard de kening as soan fan god beskôge. By godstsjinsten mei in hillich boek', wurdt dizze as direkte boadskip fan god brûkt. Tsjintwurdich wurdt der ek in bestjoersfoarm mei oantsjutten, dêr't geastliken de macht hawwe.

Hearskippij fan god

bewurkje seksje

Foarbylden fan in teokrasy, mei in godheid oan it haad:

Foarbylden fan in teokrasy, mei in hillich boek as paadwizer:

  • Yn Saûdi-Araabje wurdt "hearskippij fan god" trochjûn troch de direkte tapassing fan de Sharia, sûnder fierdere grûnwet of godlik steatshaad.
  • Yn Genêve hat de boargerlike oerheid, ynspirearre troch Calvijn, yn koarte tiid in bestjoer ynrjochte, wêrby't de Bibel, ynklusyf it Alde Testamint as wichtige noarm nomd waard.
  • Yn Nederlân hat de Steatkundich Grifformearde Partij har polityk lange tiid typearre as teokratysk. Se pleite net allinnich foar in polityk en wetjouwing basearre op bibelske prinsipes, mar ek foar in taak fan de oerheid by it hanthaven fan de wiere lear fan de tsjerke. Wyls kiest de SGP fer foar om net mear de term teokrasy te brûken[1].

Hearskippij fan geastliken

bewurkje seksje

De term teokrasy wurdt ek in soad brûkt foar in steatsfoarm of bestjoersfoarm dêr't geastliken, mei in berop op in godlik boadskip, it bestjoer dominearje. Dizze útlis fan it begryp teokrasy stiet fierder ôf fan de oarspronklike betsjutting fan de Grykske term, mar hat wol in soad terrein wûn. Steatsfoarm en bestjoersfoarm hoege net lyk te wêzen. In lân kin formeel in republyk wêze, lykas Iran, de bestjoersfoarm fan dat lân kin as in teokrasy beskreaun wurde omdat in ried fan geastliken folle macht hat. Om it ûnderskied te meitsjen mei in teokrasy dy't direkt troch in godheid bestjoerd wurdt, soe ek sprutsen wurde kinne fan in ekklesiokrasy of hierokrasy. Dizze termen wurde lykwols net algemien brûkt.

Foarbylden fan in teokrasy, mei geastlliken oan it haad:

De term teokrasy wurdt faak betize mei in sesaropapy. Dit is in steatsfoarm wêrby't de wrâldlik/tydlike lieder ek de geastlik lieder is en de wrâldlike macht yngrypt yn de geastlike rjochten fan de tsjerke. Winliken it omkearde fan in teokrasy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. SGP stânpunt Teokrasy 2006