Toer fan Londen
De Toer fan Londen (Tower of London), is in gebou yn Londen, oan de rivier de Teems. Yn de rin fan de iuwen hat it gebou tsjinne as fort, keninklik paleis, steatsfinzenis, munt, garnizoen, museum en arsenaal. De tichteby lizzende Tower Bridge hat syn namme te tankjen oan it gebou, dat sûnt 1988 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet.
Toer fan Londen Tower of Londen | ||
bouwurk | ||
De Toer fan Londen mei de Brêge fan de Toer | ||
lokaasje | ||
lân | Grut-Brittanje | |
Ingelân | ||
Regio | Grut-Londen | |
Distrikt | Tower Hamlets | |
plak | Londen | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | kastiel | |
subtype | Festing | |
boujier | 1078 | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 27 m. |
De "Constable of the Tower" hat it bestjoer fan de Tower of London, oer gebouwen, personiel en hiem. It is meastal in hegere militêr. Teffens beheart er de Kroan en oare keninklike by steatssaken. Hy wurdt foar fiif jier beneamd.
Skiednis
bewurkje seksjeBegjinnend yn 1078 (en mooglik duorjend oant 1100) waard fanwegen Willem de Oermasterder de Wite Toer (White Tower) boud, in fjouwerkant stiennen fort dat tsjinje moast ta beskerming fan de Normandyske feroverders tsjin oanfallen fan binnen en bûten. Eardere forten op dat plak wienen meast fan hout west. De White Tower hat syn namme te tankjen oan de wite stien dy't der yn ferwurke sit. Kening Richard Liuwehert liet de slotgreft grave, dy't fold wie mei wetter fan de Teems. Letter waarden ekstra ferdigeningsmuorren om it fort set en sa ûntstie in gebouwekompleks dat koartwei "Tower" neamd waard. It oarspronklike fort stiet sûnt feitlik midden yn in grutter kastiel.
De Tower wie foar it lêst paleis yn de tiid fan Jakobus I (1566-1625). It is ferneamd wurden as finzenis foar fral lju út de hege fermiddens. Sa waard bygelyks keninginne Elisabeth I in skoft fêstset yn de Toer ûnder it bewâld fan har suster Maria Tudor. Ien fan de lêste finzenen fan de Toer wie Rudolf Hess yn de Twadde Wrâldkriich. De twaling Ronald en Reginald Kray sieten der yn 1952 in pear dagen fêst om reden fan tsjinstwegering.
Op 't heden is de Tower in toeristyske attraksje fan belang, û.o. fanwegen de kroanjuwelen en de moaie samling harnassen en wapens.
Eksekúsjeplak
bewurkje seksjeDe Tower is ek (wreed)ferneamd as eksekúsjeplak fan tal fan pommeranten. Misdiedigers út de legere klassen waarden meastal ferhinge op iepenbiere eksekúsjeplakken yn de stêd, en guon ferneamde feroardielden, lyks Thomas More, waarden yn it iepenbier terjochtsteld op Tower Hill. Ealju (fral froulju) waarden somtiids yn it kompleks ûnthalzge op Tower Green en dêrnei bedobbe yn de keninklike kapel 'St. Peter ad Vincula'.
Karút persoanen dy't yn de Tower ûnthalzge waarden:
- William, Lord Hastings (1483)
- Anna Boleyn, frou fan Hindrik VIII (1536)
- Margaretha Pole, gravinne fan Salisbury (1541)
- Mark Smeaton, ûnthalzge yn 1536
- Catharina Howard, wiif fan Hindrik VIII fan Ingelân (1542)
- Jane Parker, Lady Rochford (1542)
- Thomas Cromwell, ûnthalzge yn 1540
- Lady Jane Grey, (1554)
- Robert Devereux, greve fan Esseks (1601)
George fan Clarence, broer fan Eduard IV fan Ingelân, waard om reden fan ferried deadien yn febrewaris 1478. Twa soannen fan Eduard IV binne faaks ek yn de Tower omkaam neidat harren omke Richard III kening waard, mar it hoe en wat is nea dúdlik wurden.
-
Poarte
-
White Tower
-
Drûge greft (moat) fan de Toer
-
In Yeoman Warder, fanâlds de beweitsers fan de Toer, no gidsen