Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Welgelegen (It Hearrenfean)

Welgelegen of Tjepkema’s Mole is in wynmole en ryksmonumint op It Hearrenfean út 1849. De stellingmole is in achtkante boppekruier. De funksje is nôtmole. Eigener is de gemeente It Hearrenfean.

Welgelegen
mûne / mole
lokaasje
plak It Hearrenfean
adres Tjepkemastrjitte 21
koördinaten 52° 57' N 5° 55' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 22,60 m
boujier 1849
Webside
welgelegen-heerenveen.nl
Kaart
Welgelegen (It Hearrenfean)
Welgelegen

Yn 'e folksmûle wurdt de mûne Tjepkema's mole neamd, in ferwizing nei Johannes Melis Tjepkema, dy't yn 1872 de mûne kocht en der in goed wurkjend bedriuw fan makke.

Fanwegen wynbelemmering troch de oanbuorjende bebouwing waard de mole yn 1898 mei hast seis meter ferhege, sadat de stelling no 10 meter heech is. De mole soe yn 1931 hast ôfbrutsen wurde, mar de 'Feriening de Hollânske Mole' wist de gemeente Aengwirden oer te heljen om de mûne dat jier oer te keapjen fan de sloper.

Sûnt 1974 waarden plannen makke om de mûne wer mealree makke. De 'Stifting Mole Welgelegen' waard oprjochte, dy't in restauraasje tariede. Yn 1990 fûn de grutte restauraasje plak, dy't fan Welgelegen wer in goed wurkjende mole makke.

Yn 2017/2018 waarden de kap, de fokken en it boppetsjil fernijd. Op 21 april 2018 waard de mûne feestlik fannijs iepene. Ein 2021, begjin 2022 waarden de fokken fan de mûne ferfongen. Dy binne net mear donkergrien skildere, mar yn 'e kleur fan it hout litten.

Welgelegen is in achtkante stellingmole mei in flecht fan 22,60 m. De ûnderbou is fan stien en it houten achtkant is reiddutsen. De wjukken binne mei it systeem Fauël mei automatyske remkleppen op beide roeden útrist.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Welgelegen, It Hearrenfean fan Wikimedia Commons.