Wetterskip Koarnwert
It Wetterskip Koarnwert is in earder wetterskip, dat fan 1907 oant 1976 bestien hat yn de himrikken fan Koarnwert en Wûns yn de hjoeddeistige gemeente Súdwest-Fryslân, foar 2011 Wûnseradiel. It wetterskip hie it behear oer de wetterhûshâlding yn de Polder Koarnwert en de Koarnwertermûne dy't it wetter fan de polder bemealde.
Skiednis
bewurkje seksjeDe grutte floed fan 3 febrewaris 1825 trof Koarnwert ek, alhoewol't dêr gjin dyktrochbraken lykas by Makkum en Gaast wiene. Der wie lykwols al skea op it fruchtbere lânbougrûn om it doarp hinne, dêr't ferskate partikuliere polders en marren, lykas de Silaardermar, leine. Eltse boer hie suver syn eigen mûne en polder en hja hiene de oanwenst en lit it oerstallige wetter by de buorman yn de sleatten rinne. Nei de floed waard der warber nei in oplossing socht. Lykwols slagge it harren net ta in oerienkommen te kommen, lykas it besykjen yn 1877 ta it foarmjen fan ien grutte partikuliere polder. Der wie gjin ienichheid.
Yn 1898 waard der besocht en rjochtsje by Koarnwert in wetterskip op om de wetterhûshâlding better te behearskjen. Dat like ynearsten ek te mislearjen, omreden der net foldwaande stipe wie fan de takomstige yngelannen. Hja wiene noedlik foar te hege kosten en persoanlike ûnienichheid stie yn it paad. Yn 1899 besocht sels de Deputearre Steaten fan Fryslân de inisjatyfnimmers oan te setten ta in nij besykjen, dochs it mocht net lije. Yn 1904 kaam der in oerienstimming en yn 1907 waard it Wetterskip Koarnwert lang om let oprjochte.
It behear kaam yn hannen fan in bestjoer dy't út trije leden bestie en keazen waard troch de stimhawwende yngelannen en in gearkomste fan yngelannen. Foar de leden fan it bestjoer bestie in termyn fan trije jier. Nijsgjirrich is dat by dit wetterskip it wettersteatkundich wurk troch in stikmannich eigeners, dy't twatred fan it totale oerflak fertsjintwurdigje, útfierd en bekostige waard. It wetterskip naam it letter foar taksaasjekosten oer.
Yn 1907 waard de Koarnwertermûne, in muonts, oan de Koarnwerter Feart boud dy't it wetter fan de polder bemealle moast. Dy ferfong in trijetal eardere lytsere mûnen. Sûnt 1972 waard it bemeallen troch in elektromoter, dy't yn 'e mûne oanbrocht waard, fersoarge. Oant 1925 stie der in twadde mûne oan de Molkfeart by Wûns doe't dy ôfbrutsen waard. It wetterskip hie it behear oer de mûne en oer de diken dy't it provinsjaal boezemwetter keare moast.
By it oprjochtsjen yn 1907 wie it Wetterskip Koarnwert 318 hektare grut. Yn 1918 waard it wetterskip útwreide oant 466 hektare mei lânguod noardlik en noardeastlik dêrfan. Ek de diken de Miedleane, Hollingerleane, Hiddumerleane en it Piter Obesleantsje kamen ûnder behear fan it wetterskip. Oant dy tiid wiene dy diken partikulier besit. Yn 1930 kaam der in útwreiding nei it easten ta, dy't de Ossefenne Tille oer de Molkfeart befette, dêrt't it totale oerflak 478 hektare grut by waard. Yn 1959 kaam der in grinswiziging troch it ferbreedzjen fan Rykswei 43, de hjoeddeistige A7, dy't doe de noardgrins foarme. In lyts part súdlik fan de Koarnwerter Feart gie oer op it wetterskip De Wearen, dêr't it oerflak 454 hektare grut troch waard. Op 1 jannewaris 1976 waard it wetterskip opheft as gefolch fan it konsintrearjen fan de boezemwetterskippen. It nije Wetterskip It Marnelân naam alle taken oer. Letter waard dat wetterskip part fan it Wetterskip Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |