Wynmotor Sint-Nyk
(Trochferwiisd fan Wynmotor Sint Nyk)
De Wynmotor Sint Nyk is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Sint-Nyk yn de gemeente Skarsterlân. It is in Amerikaanske wynmotor, dy't in oardel kilometer beëasten it doarp oan de A6 stiet. De 18 blêden hawwe in flecht fan 4,5 m. Wannear't er boud waard is net bekend. De wynmotor is net-mealree en ek net iepen foar publyk. Yn 2008 wie benammen it motorhûs fan de mole yn ferfallen tastân.