Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Ynterbellum

Wikimedia-betsjuttingsside

In Ynterbellum (Latyn: inter ("tusken") en bellum ("oarloch") is in perioade tusken twa oarloggen. Ornaris wurdt it begryp 'ynterbellum' brûkt foar de jierren tusken de Earste en de Twadde Wrâldkriich. It Ynterbellum begûn op 11 novimber 1918 mei de Wapenstilstân fan Compiègne en einige op 'e dei dat nazy-Dútslân syn ynvaazje fan Poalen útfierde op 1 septimber 1939.

Kaart fan Jeropa yn it ynterbellum.

Lykwols wie der yn dat tiidrek noch wol oarloch op de wrâld, lykas de Chaco-oarloch yn Súd-Amearika tusken Bolivia en Paraguay of de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch yn East-Aazje tusken Sina en Japan. Yn Afrika fierde de Italjaanske faksistyske lieder Benito Mussolini de Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch tsjin Abessynje.

Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.