4 maaie
Appearance
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 maaie | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
<< | Maaie | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | ||
6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 |
13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 |
20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
27 | 28 | 29 | 30 | 31 | ||
2024 |
4 maaie is de 124e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 125e). Der folgje noch 241 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
De jûn fan 4 maaie is yn Nederlân Deadebetinking.
Foarfallen
- 1654. De Steaten fan Hollân nimme de Akte fan Seklúsje (Utsluting) oan, wêryn't in Oranje fan it steedhâlderskip utsluten wurdt. Benammen yn Fryslân is men poerlilk. De oare goaen -útsein Seelân- binne slim ferdield.
- 1878 - De fonograaf wurdt foar it earst demonstreard.
- 1896 - Molkfabryk De Lege Wâlden yn Eagmaryp wurdt oprjochte.
- 1976 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Skiedam plak, yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân, wêrby't 24 minsken omkomme.
- 1990 - Letlân ferklearret him as tredde Baltyske republyk nei Litouwen en Estlân, ûnôfhinklik fan de Sovjet-Uny.
Berne
- 1008 - kening Hindrik I fan Frankryk († 1060)
- 1825 - Thomas Henry Huxley, Ingelsk biolooch († 1895)
- 1858 - Geart van der Zwaag, Frysk keapman, aktivist en politikus († 1923)
- 1872 - Albertus van Harinxma thoe Slooten, Frysk jurist († 1940)
- 1874 - Nanne Ottema, Frysk konservator († 1955)
- 1883 - Jan Olieslagers (den Antwerpschen Duivel), Flaamsk hurdfytser, motorkoereur en loftfeartpionier († 1942)
- 1920 - Hermann Schreiber, Eastenryksk skiedkundige en publisist († 2014)
- 1928 - Hosni Mûbarak, presidint fan Egypte († 2020)
- 1929 - Audrey Hepburn, Nederlânsk-Ingelsk aktrise († 1993)
- 1931 - Jan Pesman, Nederlânsk reedrider († 2014)
- 1949 - Graham Swift, Ingelsk skriuwer
- 1964 - Rocco Siffredi, Italjaansk pornoakteur
- 1999 - André Drege, Noarsk hurdfytser († 2024)
Ferstoarn
- 1003 - hartoch Herman II fan Swaben (* 9??)
- 1436 - Engelbrekt Engelbrektsson, Sweedsk politikus en rebellelieder (* 1390)
- 1600 - Jean Nicot, Frânsk diplomaat en wittenskipper (* 1530)
- 1615 - Adriaan van Roomen, Flaamsk wiskundige (* 1561)
- 1678 - Anna Maria fan Schurman, Dútsk-Frysk taalkundige, teologe, dichteresse en keunstneresse (* 1607) (mooglik op 5 of 14 maaie ferstoarn)
- 1804 - Simon Stijl, Frysk dokter en skriuwer (* 1731)
- 1807 - Napoleon Karel Bonaparte, kroanprins fan Hollân (* 1802)
- 1971 - Klaas Norel, Frysk berneboekeskriuwer (* 1899)
- 1972 - Paulus Folkertsma, Frysk ûnderwizer, bestjoerder en komponist (* 1901)
- 1980 - Aldert van Bruggen, Nederlânsk politikus (* 1925)
- 1980 - Josip Broz Tito, presidint fan Joegoslaavje (* 1892)
- 1998 - Wierd Wijnia, Frysk reedrider en sportbestjoerder (* 1925)
- 2006 - Carel Steensma, Nederlânsk militêr, ferzetsman en fleander (* 1912)
- 2014 - Hermann Schreiber, Eastenryksk skiedkundige en publisist (* 1920)
- 2018 - Renate Dorrestein, Nederlânsk skriuwster, sjoernaliste en feministe (* 1954)
- 2022 - Harm Ottenbros, Nederlânsk hurdfytser (* 1943)
- 2022 - Sis van Rossem, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1945)
27 | 28 | 29 | 30 | 1 | 2 | 3 | 4 maaie | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|