Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Lance Armstrong

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Lance Armstrong
sporter
Lance Armstrong, 2009
Lance Armstrong, 2009
persoanlike bysûnderheden
bynamme King Lance, The Boss, The Animal, The Big Tex, Mellow Jonny
bertedatum 18 septimber 1971
berteplak Plano (Teksas)
lingte 177 sm
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
earste titel WK 1993
karriêre-ein febrewaris 2011
ekstra 2 etappeoerwinnings yn de Omgong fan Frankryk
wichtige prestaasjes
WK 1993

Luik-Bastenaken-Luik 1996


Lance Armstrong (Plano, 18 septimber 1971) is in hurdfytser út 'e Feriene Steaten. Hy waard berne as Lance Edward Gunderson, mar krige letter de efternamme Armstrong nei syn styfheit.

Hy is foaral bekend fan syn Omgong fan Frankryk oerwinnings. Troch him is 7 kear de Omgong fan Frankryk wûn en hy hat ek in kear wrâldkampioen west. Dy prestaasjes binne op himsels al bewûnderingsweardich, mar sy binne dat noch mear omdat yn 1996 kanker by him fêststeld waard mei in prognoaze fan tweintich prosint kâns op oerlibjen. Yn 2005 is er mei de hurdfytserij ophâlden, mar yn 2009 hat hy yn comeback makke. Op 16 febrewaris 2011 makke Lance Armstrong bekend dat er definityf ophâlde soe mei it hurdfytsen.

Yn 2012 waard Armstrong troch de Amerikaanske Doping Autoriteit skuldich befûn oan it brûken fan doping nettsjinsteande dat doping gebrûk nea oantoant is. Dizze organisaasje erkent de oerwinnings fan Armstrong tusken 2008 en 2011 net langer. [1].

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nu.nl 24-8-2012 WADA Armstrong Dopingzondaar