Snits (gemeente): ferskil tusken ferzjes
L red |
No edit summary |
||
Rigel 44: | Rigel 44: | ||
}} |
}} |
||
{{Of|de eardere gemeente Snits|de stêd|Snits}} |
{{Of|de eardere gemeente Snits|de stêd|Snits}} |
||
'''Snits''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Sneek'') is in eardere [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] 'e [[Súdwesthoeke]] fan [[Fryslân]], dy't bestie út 'e [[stêd]] [[Snits (stêd)|Snits]] mei syn [[klokslach]] en (sûnt de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]]) trije [[doarp]]en, te witten: [[Ysbrechtum]], [[Loaiïngea]] en [[Offenwier]]. De gemeente hie op [[1 jannewaris]] [[2010]] in [[befolking]] fan 33.427 [[minske]]n, en besloech in [[oerflak]] fan 34,03 [[km²]], wêrfan 3,4 km² [[oerflaktewetter]]. Snits krige yn [[1292]] [[stedsrjochten]], wat beskôge wurde kin as it |
'''Snits''' ([[Nederlânsk]] en offisjeel: ''Sneek'') is in eardere [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] 'e [[Súdwesthoeke]] fan [[Fryslân]], dy't bestie út 'e [[stêd]] [[Snits (stêd)|Snits]] mei syn [[klokslach]] en (sûnt de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]]) trije [[doarp]]en, te witten: [[Ysbrechtum]], [[Loaiïngea]] en [[Offenwier]]. De gemeente hie op [[1 jannewaris]] [[2010]] in [[befolking]] fan 33.427 [[minske]]n, en besloech in [[oerflak]] fan 34,03 [[km²]], wêrfan 3,4 km² [[oerflaktewetter]]. Snits krige yn [[1292]] [[stedsrjochten]], wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Op [[1 jannewaris]] [[2011]] fusearre de gemeente Snits mei de gemeenten [[Boalsert (gemeente)|Boalsert]], [[Nijefurd]], [[Wymbritseradiel (1984-2011)|Wymbritseradiel]] en [[Wûnseradiel]] ta de nije gemeente [[Súdwest-Fryslân]], wêrfan't de stêd Snits it [[haadplak]] waard. |
||
== Skiednis == |
== Skiednis == |
||
Snits is ûntstien op in sânwâl. Mei't de [[Himdyk]] oanlein wie kaam der yn Snits in [[syl]] dêr't it wetter troch Snits de Himdyk kruse. Dy Himdyk rint hieltyd noch troch Snits, allinnich is yn de âlde binnenstêd net mear krekt te sjen wêr. Mei't de [[Middelsee]] yn de omkriten fan Snits as ferbining ferdwûn wie, waard de funksje fan de [[Snitser Aldfeart]] wichtiger. |
Snits is ûntstien op in sânwâl. Mei't de [[Himdyk]] oanlein wie kaam der yn Snits in [[syl]] dêr't it wetter troch Snits de Himdyk kruse. Dy Himdyk rint hieltyd noch troch Snits, allinnich is yn de âlde binnenstêd net mear krekt te sjen wêr. Mei't de [[Middelsee]] yn de omkriten fan Snits as ferbining ferdwûn wie, waard de funksje fan de [[Snitser Aldfeart]] wichtiger. Dat is in wetter, nei gedachten in riid, dat troch de [[Raarderhim]] nei it noarden rint. |
||
Snits krige fan [[1292]] ôf ien as mear [[stedsrjocht]]en, of it kin ek wêze |
Snits krige fan [[1292]] ôf ien as mear [[stedsrjocht]]en, of it kin ek wêze dat er dy rjochten sels naam. It âldste stedboek dat fan de stêd oerbleaun is, moat in kopy wêze fan in boek fan [[1456]] dat almeast rekkene wurdt ta it jier dat Snits ien fan de [[Fryske stêden]] waard. Dit wie it begjin fan in gouden iuw as hannelsstêd. It gong sels sa goed, dat doe't de stêd yn [[1492]] yn konflikt kaam mei [[Grins (stêd)|Grins]], de stêd frij maklik it jild opbringe koe om in nije stedsgrêft en stedswâl oan te lizzen dy't ek om de stedsútwreidings fan dy tiid hinne rûnen. Yn likernôch [[1525]] waard op de kant fan de wâl noch in stedsmuorre setten, wêrmei't Snits fan dy tiid ôf de iennichste stêd mei muorren yn Fryslân wie. Yn de [[19e iuw]] waarden de muorre en wâlen wer fuorthelle om't der ferlet wie fan kades. Njonken it Bolwurk is der fan de wâlen no neat mear oer. Fan de tsien poarten en oare tagongen binnen der noch twa oer: de iene is in lytse trochgong troch it Bolwurk, de oare is de sierpoarte dy't yn [[1613]] op de Heecheinster Piip boud is: De [[Snitser Wetterpoarte]]. |
||
[[Image:Sneek, De Friezin en de rondreizende textielkoopman.jpg|thumb|left|180px|De Friezinne en de omreizigjende lapkepoep.]] |
[[Image:Sneek, De Friezin en de rondreizende textielkoopman.jpg|thumb|left|180px|De Friezinne en de omreizigjende lapkepoep.]] |
||
De ferzje fan 24 mrt 2024 om 13.16
Snits | |
---|---|
De Wetterpoarte, it symboal fan Snits. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Snits | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Snits |
grutste plak | Snits |
ynwennertal | 33.427 (2010) |
befolkingstichtens | 1.096,0 / km² |
oerflak | 34,03 km² |
● wêrfan lân | 30,50 km² |
● wêrfan wetter | 3,35 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 3 |
ferkearsieren | A7, N354 |
skiednis | |
oprjochte | 1292 |
1984 | útwreide mei Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier |
opheft | 2011 |
opgien yn | Súdwest-Fryslân |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0515 |
postkoade | 8600–8633 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.sneek.nl |
- Dizze side giet oer de eardere gemeente Snits. Foar de stêd, sjoch: Snits.
Snits (Nederlânsk en offisjeel: Sneek) is in eardere gemeente 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't bestie út 'e stêd Snits mei syn klokslach en (sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984) trije doarpen, te witten: Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 33.427 minsken, en besloech in oerflak fan 34,03 km², wêrfan 3,4 km² oerflaktewetter. Snits krige yn 1292 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Op 1 jannewaris 2011 fusearre de gemeente Snits mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Wymbritseradiel en Wûnseradiel ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân, wêrfan't de stêd Snits it haadplak waard.
Skiednis
Snits is ûntstien op in sânwâl. Mei't de Himdyk oanlein wie kaam der yn Snits in syl dêr't it wetter troch Snits de Himdyk kruse. Dy Himdyk rint hieltyd noch troch Snits, allinnich is yn de âlde binnenstêd net mear krekt te sjen wêr. Mei't de Middelsee yn de omkriten fan Snits as ferbining ferdwûn wie, waard de funksje fan de Snitser Aldfeart wichtiger. Dat is in wetter, nei gedachten in riid, dat troch de Raarderhim nei it noarden rint.
Snits krige fan 1292 ôf ien as mear stedsrjochten, of it kin ek wêze dat er dy rjochten sels naam. It âldste stedboek dat fan de stêd oerbleaun is, moat in kopy wêze fan in boek fan 1456 dat almeast rekkene wurdt ta it jier dat Snits ien fan de Fryske stêden waard. Dit wie it begjin fan in gouden iuw as hannelsstêd. It gong sels sa goed, dat doe't de stêd yn 1492 yn konflikt kaam mei Grins, de stêd frij maklik it jild opbringe koe om in nije stedsgrêft en stedswâl oan te lizzen dy't ek om de stedsútwreidings fan dy tiid hinne rûnen. Yn likernôch 1525 waard op de kant fan de wâl noch in stedsmuorre setten, wêrmei't Snits fan dy tiid ôf de iennichste stêd mei muorren yn Fryslân wie. Yn de 19e iuw waarden de muorre en wâlen wer fuorthelle om't der ferlet wie fan kades. Njonken it Bolwurk is der fan de wâlen no neat mear oer. Fan de tsien poarten en oare tagongen binnen der noch twa oer: de iene is in lytse trochgong troch it Bolwurk, de oare is de sierpoarte dy't yn 1613 op de Heecheinster Piip boud is: De Snitser Wetterpoarte.
Hannel- en sintrumfunksje
Troch it waachrjocht en it steapelrjocht is Snits al sûnt iuwen in hannelsstêd fan belang. Sa'n 40% fan alle bûter fan Fryslân waard yn Snits wage en ferhandele. De lapkepoepen Clemens en August Brenninkmeier stiften hjir yn 1841 de ferneamde kleanstring C&A en ek harren kollega Stockman, dy't no grut is yn Finlân, hie hjir syn earste winkel. Sneek hat fierder stielyndustry, masinebou en in touwurkfabryk. It King-fabryk stiet yn Sneek en sûnt 1964 stiet der ek it earste Japânske fabryk yn Jeropa, Yoshida YKK út Kurobe, wat no de susterstêd fan Snits is.
It winkelsintrum fan Snits wurdt brûkt troch de hiele Súdwesthoeke en troch de wettersport fan ûnder oaren de Snitser Mar. De stêd hat ek fierders in sintrumfunksje, ûnder oaren mei twa grutte skoallemienskippen, it Bogerman en it Magister Alvinus, en mei it Antoniussikehûs.
Toerisme
Snits is in ferneamd wettersportsintrum, mei sa'n 130 wettersportbedriuwen en mei 13 jachthavens. Op de Snitser Mar wurdt in protte sile en sûnt 1935 wurdt dêr ek earste wike augustus de Snitswike hâlden, it grutste binnenwetter-sylevenemint fan Jeropa.
Snits is ek it plak fan wêrút de Alvestêde Fytsfjouwerdaagse organisearre wurdt, en fansels komt de Alvestêdetocht der ek by lâns. De stêd hat twa museums: it Frysk Skipfeart Museum en it Nasjonaal Modelspoarmuseum.
Op 12 novimber 2005 wie de yntocht fan Sinteklaas foar de lannelike telefyzje yn Snits.
Ferfier
Oer it wetter binne der ferbinings yn seis rjochtings: de Houkesleat nei de Snitser Mar en it Prinsesse Margrietkanaal, de Wâldfeart nei Wâldsein en nei Stienwyk, De Geau nei Drylts en de Súdwesthoeke, de Frjentsjerter Feart nei Frjentsjer, De Swette nei Skearnegoutum en Ljouwert en de Snitser Aldfeart nei de Raarderhim.
Op it lân hat Snits twa stasjons oan it spoar fan Ljouwert nei Starum en leit it oan de sneldyk A7 fan Noard-Hollân nei Grins. Yn 2003 waard it Houkesleat-akwadukt iepene, wêrmei no in folsleine rûnwei om Snits hinne leit.
Ferneamde Snitsers
- Pieter Sjoerds Gerbrandy
- Toon Gerbrands
- Pauline Krikke
- Dieuwkje Nauta
- Murk van Phelsum
- Jakob van Schevichaven
- Willem de Sitter
- Monique Sluyter
- Bart Tromp
- Sam de Wollf
- Kees Deenik
Untwikkeling ynwennertal
- 2010 - 33.427
- 2006 - 33.030
- 2005 - 32.921
- 2004 - 32.836
- 2003 - 32.862
- 2002 - 32.511
- 2000 - 31.637
- 1996 - 30.051
- 1995 - 29.609
- 1990 - 29.299
- 1985 - 29.470
- 1980 - 28.457
- 1975 - 27.846
- 1970 - 26.244
- 1965 - 23.084
- 1960 - 20.798
- 1958 - 20.230
- 1957 - 19.881
- 1955 - 19.683
- 1950 - 19.284
- 1941 - 17.092
- 1931 - 14.737
- 1920 - 13.647
- 1910 - 12.958
- 1900 - 11.969
- 1890 - 11.366
- 1880 - 10.238
- 1879 - 10.042
- 1878 - 9.990
- 1870 - 9.491
- 1860 - 8.613
- 1850 - 7.886
- 1840 - 7.388
- 1831 - 5.585
- 1815 - 5.501
- 1796 - 4.893
- 1744 - 3.746
- 1714 - 3.252
- 1689 - 4.370
Sjoch ek
Keppeling om utens
- (ned) Webstee fan de gemeente