Syrillysk alfabet
It Syrillyske alfabet (Russysk: кириллица, kirillitsa) is in alfabet wêrmei't seis Slavyske talen skreaun wurde: Russysk, Oekraynsk, Wytrussysk, Servysk, Masedoanysk en Bulgaarsk. Troch de ynfloed fan de Russen wurdt it Syrillyske alfabet ek brûkt foar net-Slavyske talen lykas it Kazachsk en Tataarsk (Turkske talen), it Oedmoertysk en Komy-Syrjeensk (Finsk-Oegryske talen), Tsjetsjeensk en Avaarsk (Noardeastkaukazyske talen), Abgazysk en Sirkassysk (Noardwestkaukazyske talen) en it Mongoalsk.
Skiednis
Syrillus en Metoadius makken yn de 9e iuw it Glagolitysk alfabet omdat it Grykske alfabet net foldie foar de Slavyske talen. Wa't it Syrillyske alfabet makke hat is net wis. It Syrillyske alfabet ferwiist wol nei Kyrillos, mar neffens akademisy ûntstie it alfabet healwei de 10e iuw yn it easten fan Bulgarije. Dêrom kin it neffens dy akademisy net sa wêze dat Kyrillos de betinker fan it Syrillyske alfabet is. It Grykske alfabet waard wol as basis brûkt foar it Syrillyske alfabet. Lûden dy't it Gryksk net hie, krigen spesjaal omtinken yn it Glagolityske en Syrillyske alfabet.
Letters
It Syrillyske alfabet sa't dat tsjinstwurdich brûkt wurdt foar it Russysk:
а | б | в | г | д | е | ё | ж | з | и | й | к | л | м | н | о | п | р | с | т | у | ф | х | ц | ч | џ | ш | щ | ъ | ы | ь | э | ю | я |
а | б | в | г | д | е | ё | ж | з | и | й | к | л | м | н | о | п | р | с | т | у | ф | х | ц | ч | џ | ш | щ | ъ | ы | ь | э | ю | я |
à | b | v | g | d | è | e | zj | z | i | j | k | l | m | n | o | p | r | s | t | oe | f | ch | ts | tsj | dj | sj | sjtà | - | y | - | e | joe | ja |
De ъ en ь wurde as lêstekens brûkt, respektivelik in hurd teken en in sêft teken.