Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ulepanne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûlepanne)

In ûlepanne is in dakpanne mei in iepening dy't tsjin ynreinen beskerme wurdt troch in útstekkende bûgde râne. Ulepannen wurde brûkt troch de lytse stienûle. Ulepannen waarden yn it earstoan brûkt foar it ferljochtsjen en ûntluchtsjen fan de Fryske boereskuorre. Yn súdwest-Fryslân wienen oan it begjin fan de 20e iuw noch in soad ûlepannen. Op in sydkant lizze der dan trije oant fiif. Tsjintwurdich wurde foar ferljochting dakruten brûkt of trochskinende golfplaten, mar foar ûntluchting waarden letter ûlepannen brûkt dy’t om de twa of trije meter, ien meter ûnder de skuorrenaal, tsjin inoar oer lizze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Uilenpan.