Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Alan White (drummer)

Ut Wikipedy
Alan White (drummer)
sjonger en/of muzikant
Alan White yn 2003
Alan White yn 2003
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alan White
nasjonaliteit Britsk
berne 14 juny 1949
berteplak Pelton
stoarn 26 maaie 2022
stjerplak Seattle
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint drums
jierren aktyf 1967-2022

Alan White (Pelton, 14 juny 1949 - 26 maaie 2022) wie in ingelsk drummer. Hy waard bekend as drummer fan Yes.

White begûn op syn trettjinde yn in lokale bands te spyljen. Nei de nedige bekendheid bemachtige te hawwen, waard him yn 1968 frege om te spyljen by Ginger Baker's Airforce (mei ûnder oaren Steve Winwood). In jier letter waard er troch John Lennon by de Plastic Ono Band frege. Ek wie er te hearren op it album All Things Must Pass fan George Harrison. Under in toer mei Joe Cocker yn 1972 waard White frege om by Yes spyljen te kommen as opfolger fan Bill Bruford, dy't nei King Crimson ôfset waard. White bleau oant syn ferstjerren lid fan de band en wie op alle offisjele albums fan Yes fan 1972 ôf oant syn ferstjerren te hearren. White wie net allinnich perkusjonist, mar spile ek fertsjinstlik piano. Yn 1975 brocht er it soloalbum Ramshackled út; yn 2006 in cd ûnder de groepsnamme White, mei deselde titel.

Op 26 maaie 2022 ferstoar White yn de âlderdom fan 72 jier yn syn hûs yn Seattle.