Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan DBNL)
It logo fan de DBNL

De Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren (of: DBNL; offisjeel Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren) is in webstee oer Nederlânske taal en literatuer. De side befettet tûzenen literêre teksten, sekundêre literatuer en oanfoljende ynformaasje as biografyen, portretten en hyperlinks. De DBNL ûntsleat ein 2021 in kolleksje fan 14.777 digitalisearre boeken en tydskriften op it mêd fan de Nederlânsktalige literatuer, taal en kultuerskiednis.

De DBNL is in inisjatyf fan de Stichting DBNL dy't yn 1999 oprjochte waard troch de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. De opbou fan de digitale bibleteek is mooglik makke mei stipe fan ûnder oaren de NWO en de Nederlandse Taalunie.

In komitee, foarsitten troch Paul Schnabel, hat in kar makke fan tûzen wurken dy't troch it komitee as kaaiteksten fan de Flaamske en Nederlânske kutuerskiednis beskôge waarden. Dy karút hjit de 'dbnl-basisbibleteek'. Dochs misse guon wichtige klassike teksten út de Nederlânske literatuer, sa as Gerard Reve's De Avonden (1947) en Willem Frederik Hermans syn roman Nooit meer slapen (1966) út reden fan kopieerrjochten.

Yn juny 2014 waard in wichtich projekt ôfsletten: 50.000 Nederlânske lieten online. Binnen dat projekt binne yn fiif jier tiid goed 50.000 lieten fan foar 1900 digitalisearre. De teksten binne by de DBNL te finen, yn de Nederlandse Liederenbank is in soad te finen oer de eftergrûn fan de lieten. Sa is bygelyks nei te gean hokker lieten deselde melodyen hawwe of krekt deselde tekst. De twa websiden binne op lietnivo mei-inoar ferbûn. It projekt wie in gearwurking fan de Universiteit Utrecht, it Meertens Instituut en de DBNL en waard foar it grutste part finansiere troch NWO.

De Nederlânske Taaluny, de Keninklike Biblioteek (KB), nasjonale biblioteek fan Nederlân, en de Flaamske Erfgoedbiblioteek sleaten yn augustus 2014 in akkoart om de Digitale Biblioteek foar de Nederlânske Letteren (DBNL) ûnder te bringen by de KB. De KB draacht sûnt 1 jannewaris 2015 soarch foar de webside dbnl.org. De Taaluny, de KB en de Flaamske Erfgoedbiblioteek binne sûnt dy tiid ferantwurdlik foar it belied en de ynhâld; de Taaluny soarget foar de finansiering. Oer de seleksje fan de yn de DBNL op te nimmen wurken nimt in kommisje fan Nederlânske en Flaamske saakkundigen it beslút.

De DBNL hat aparte ôfdielingen foar:

Oare wichtige ôfdielingen binne: literatuerskiednis, atlas en tydskrifteljedder.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]