Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Ferdrinking

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Drinkeldea)
Yn sêne sette foto fan in gefal fan ferdrinking.

Ferdrinking is ferstikking dy't feroarsake wurdt trochdat men jin yn of ûnder in floeistof (yn 'e regel wetter) befynt en dêr net wei komme kin. Om't men net sykhelje kin, ûntstiet dan in soerstofgebrek dat deadlik wêze kin. Immen dy't ferdrinkt, wurdt in drinkeling neamd. Ferdrinkingsferskynsels kin men oerlibje as men op 'e tiid boppe wetter wit te kommen of as der op 'e tiid help komt. It stjerren oan ferdrinking wurdt de drinkeldea neamd. Dat proses is op himsels fluch en stil, hoewol't it foarôfgien wurdt troch panyk as it slachtoffer by bewustwêzen is. Lju dy't ferdrinking oerlibje, kinne der libbenslang sûnensswierrichheden oan oerhâlde, benammen as de harsens langere tiid te min soerstof krigen hawwe.

Oer it algemien kringt yn 'e iere stadia fan ferdrinking mar in bytsje wetter de longen binnen, mei't de luchtpiip troch in automatyske gearlûking fan spieren deromhinne alhiel ôfsletten wurdt sadree't der wetter yn begjint te rinnen. Dat betsjut lykwols ek dat der gjin lucht mear út 'e longen komme kin, mei as gefolch dat immen dy't ferdrinkt net om help roppe kin, sels net al hat hy of sy dêr noch genôch lucht foar. De saneamde ynstinktive ferdrinkingsreäksje foarmet de lêste rige fan autonome reäksjes yn 'e tweintich oant sechstich sekonden foar't de drinkeling foargoed ûnder wetter sakket, en foar in bûtensteander sjocht dat der krektlyk út as kalm hâlden en dragen. Strânwachten en oar rêdingspersoneel binne lykwols oefene om sok gedrach werom te kennen.

Tal gefallen fan ferdrinking per miljoen ynwenners yn 2012.
     0-8
     9-14
     15-21
     22-25
     26-36
     37-53
     54-63
     64-79
     80-103
     104-182

Oarsaken fan ferdrinking kinne wêze: ûnfermogen om te swimmen; dronkenskip of drugsgebrûk; wurgens; swimmerskramp; ûnderkuolling; ferwûnings oprûn ûnder it swimmen (bgl. fan 'e tentakels fan 'e kubuskwal of it Portegeesk oarlochsskip); dekompresjesykte (wêrby't djipseedûkers te fluch út 'e djipte omheech komme en it ferskil yn druk luchtbeltsjes yn it bloed feroarsaket); meisleept wurden troch tijstreamings; ûngelokken (troch it iis sakje en derûnder glydzje, mei de auto te wetter reitsje, in dûkersûngemak); skipbrek; of oerstreamings. Ferdrinking kin ek in metoade wêze foar moard of selsmoard. Foarhinne waard ferdrinking ek wol as foarm fan eksekúsje brûkt by it útfieren fan 'e deastraf. Teffens wurdt it simulearjen fan ferdrinkingsferskynsels (waterboarding) wol brûkt as foarm fan marteling.

Yn 2013 wiene der wrâldwiid likernôch 1,7 miljoen gefallen fan ferdrinking, wêrfan 368.000 mei deadlike ôfrin. Ferdrinking by fersin (dus gefallen fan moard en selsmoard bûten beskôging litten) is dêrmei de op twa nei meast foarkommende ûnbedoelde deadsoarsaak dy't fuortkomt út ûngemakken. Hoewol't it foarkommen fan ferdrinking wrâldwiid fansels sterk útinoar rint, ôfhinklik fan 'e beskikberheid fan djippernôch wetter, it klimaat en de pleatslike swimkultuer, komme de measte deadlike gefallen fan ferdrinking foar yn ûntwikkelingslannen. Ek komt it mear foar by minsken fan it manlik geslacht (om't dy har omreden fan wurk faker op of yn wetter bejouwe) en by bern (dy't noch net swimme kinne en fanwegen harren behindiger lichemsgrutte makliker ûnder fuotten reitsje en meisleept wurde troch de streaming).

Sekundêre ferdrinking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By saneamde sekundêre ferdrinking kringt der floeistof yn 'e longen sûnder dat der sprake is fan ûnderdompeling. Dat kin focht fan bûtenôf wêze, mar yn 'e measte gefallen giet it om longoedeem, feroarsake troch skansearring fan 'e bloedfetten yn 'e long, sadat dy stadichoan folrint mei bloed. Meastal is de oarsaak dêrfan it ynazemjen fan korrosive gassen, lykas it mostertgas dat yn 'e Earste Wrâldoarloch as wapen brûkt waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.