Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Dwerchhamsters

Ut Wikipedy
Dwerchhamsters
In Russyske dwerchhamster.
In Russyske dwerchhamster.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
ûnderfamylje: hamsters (Cricetinae)
skaai: dwerchhamsters (Phodopus)
Miller, 1910

De dwerchhamsters (wittenskiplike namme: Phodopus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae). Ta dit skaai hearre trije soarten út 'e wâlden en healwoastinen fan Sibearje en Sintraal-Aazje. Fossilen fan dwerchhamsters geane tebek nei it Pleistoseen en it Plioseen fan sawol Jeropa as Aazje.

Dwerchhamsters binne foarsafier bekend de iennichste hamsters dy't yn groepen libje en wêrby't yn guon gefallen de mantsjes in wichtige bydrage leverje oan it grutbringen fan 'e jongen. It binne nachtdieren dy't it hiele jier rûn aktyf binne en gjin wintersliep hâlde. Mei twa oare hamsterskaaien, de ûnechte dwerchhamsters (Cricetulus) en de Sintraalaziatyske hamsters (Allocricetulus), wurde de dwerchhamsters "dwerch"-hamsters neamd, om't se sa lyts binne (likernôch 7-10 sm lang) yn ferhâlding ta oare soarten hamsters. Eksimplaren fan alle trije "echte" dwerchhamstersoarten wurde in protte as húsdier holden. Dêrnjonken wurde se ek wol as proefdieren brûkt yn ûndersykslaboratoaria. Yn it wyld wurde se troch de lânbousektor gauris as skealik ûngedierte beskôge.

Alle trije soarten komme rûnom foar en hawwe yn it wyld nei alle gedachten stabile populaasjes; dêrfandinne dat se de IUCN-status fan "net bedrige" hawwe. Men hat lykwols noch gjin goed begryp fan harren ekology en populaasjedynamyk, en út histoaryske dokuminten docht bliken dat se ienris foarkamen dêr't se no ûntbrekke. Sadwaande binne alle trije soarten yn 2006 opnommen op 'e Yndeks fan Seldsume en Bedrige Biste- en Plantesoarten fan it Kazachske regear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.