Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wopke Eekhoffpriis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eekhoffpriis)

De Wopke Eekhoffpriis is in Fryske priis foar bydragen oan histoarysk ûndersyk yn Ljouwert. De priis, dy't foar it earst yn 1992 útrikt waard, is neamd nei de earste stedsargivaris fan Ljouwert (en Nederlân) Wopke Eekhoff en is bestimd foar de bêste bydrage oan de skiednis fan de gemeente Ljouwert, skreaun of publisearre yn de foarôfgeande fjouwer jier. De priis bestiet út in oarkunde en in bedrach fan € 2275,-- (eartiids: 5000 gûne).

Yn de sjuery sitte foaroansteande histoarisy as bygelyks Hans Mol fan de Fryske Akademy en Mineke Bosch en Maarten Duijvendak fan de Ryksuniversiteit Grins.

  • 2020: Tymen Peverelli, foar syn boek De stad als vaderland. Brugge, Leeuwarden en Maastricht in de eeuw van de natiestaat – 1815-1914.
  • 2016: Henk Oly, amateurhistoarikus út Ljouwert foar syn wiidweidich ûndersyk nei de skiednis fan Ljouwert
  • 2012: Piet Bakker út Amsterdam foar syn yn 2008 ferskynd boek Gezicht op Leeuwarden. Schilders in Friesland en de markt voor schilderijen in de Gouden Eeuw. De keunsthistoarikus die ûndersyk nei de posysje fan skilders út de Gouden Iuw dy't benammen aktyf wienen yn Ljouwert.
  • 2008: Renée van Bezooijen foar Het raadsel van de ratelaar. Rondom de r in het Leewarders en het Fries oer it brijkjen, it ferskynsel fan de hûch-r sa't dy yn it Nederlânsk oantsjut wurdt. It leart dat it persintaasje hûch-r-sprekkers by de Frysktalige Friezen it leechst is fan alle provinsjes yn Nederlân en dat Friezen foaral de saneamde tongpunt-r brûke. Mar Renée van Bezooijen komt ek ta de konklúzje dat soks net jildt foar it Leewarders, dat it brijkjen yn it Leewarders krekt wol in protte foarkomd.
  • 2003: Paul Kok foar syn proefskrift Burgers in de bijstand: werkloosheid en de ontwikkeling van de sociale zekerheid in Leeuwarden van 1880-1930
  • 1999 net takend troch te minne goede ynstjoerings
  • 1995: Harm Nijboer foar de stúdzje Leeuwarden tussen Middeleeuwen en Moderne Tijd. Verkeersnetwerken, stedelijke systemen en economische ontwikkeling, ca. 1500 - ca. 1800.
  • 1992: Meindert Schroor foar syn artikel De demografische ontwikkeling van Leeuwarden in de 17e en 18e eeuw (1606-1793)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: